Aginda: 08-04-15 Ferdinand de Jong yn bibleteek de Jouwer

logo.ensafh

Het thema is van deze avond is Vrouwenhandel. Aanleiding is het boek Bedoarne Hannel van Ferdinand de Jong, dat over dit onderwerp gaat. De schrijver komt zelf vertellen over deze succesvolle Friestalige thriller. Verder zijn rechercheur Kees Arendz van de Politie Fryslân en Nicole de Boer van hulpverleningsorganisatie Fier, voorheen Fier Fryslân, te gast. Beide krijgen bij hun werk te maken met de handel in vrouwen en komen daarover aan het woord.

Foar mear ynfo: Bibliotheken Mar en FeanLês fierder

Teleks: Stim op de Gysbert 2015!

logo.ensafh

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat in longlist bekendmakke fan tolve Frysktalige romans of ferhalebondels. Hjir fine jo mear oer de tolve boeken en harren auteurs.

Wa fertsjinnet neffens jo de Gysbert Japicxpriis 2015? 

Jo kinne jo stim útbringe fia de spesjale Gysbert-poll, rjochts ûnderoan op dizze side. Lês fierder

Teleks: Fryske Fersebank 2018

logo.ensafh

Fryske Fersebank 2018

In plan fan Frysk literêr tydskrift Ensafh en Stichting Hispel foar Ljouwert Fryslân, Kulturele Haadstêd fan Europa 2018

1009 fersen fan Fryslân wurde, yn 2018, digitaal publisearre, ûnder Ensafh– en Stichting Hispel-flagge, mei elk ien nije oersetting. De redaksje fan Ensafh makket de seleksje út fersen yn it Frysk, Biltsk, Stedsk, Hylpersk, Hollânsk of oars, fan (hiel) âld oant (gloed)nij. De oersetting sil wêze yn in grutte wrâldtaal, in allochtoane taal of in oare lytse taal. Foar de oersettingen skeakelje de redakteuren har netwurk yn.

Sa wurde 2018 teksten (orizjinelen + oersettingen) út Fryslân digitaal tagonklik makke foar Fryslân en foar de wrâld, en ûntstiet in fersebank net allinne foar KH 2018, mar foar de kommende desennia.… Lês fierder

Teleks: ‘Alde Leafde’ is Boek fan de Moanne

logo.ensafh

Alde Leafde Boek fan de moanne april 2015

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.

Typ op Google it wurdsje liefde en do komst bygelyks út by Mooie Liefdes Zinnen en Liefdes Teksten, in website mei kant-en-kleare leafdesferklearringen dy’tst samar opstjoere kinst fia Facebook, Twitter, Skype, sms of Whatsapp.… Lês fierder

Teleks: Wurk tolve Fryske skriuwers giet nei Keunstmoanne Amelân

logo.ensafh

Literêr wurk dat makke is by tekeningen fan de Nederlandse Kring van tekenaars foar it projekt ‘It Museum fan Binnenút’ yn it Natuurmuseum Fryslân, wurdt yn novimber eksposearre yn de Keunstmoanne Amelân. Tolve Fryske skriuwers binne keppele oan tolve tekeners en ha mei nije eagen nei de kolleksje fan Natuurmuseum Fryslân sjoen. Fan it resultaat is behalve in eksposysje ek in boek útkaam mei in seleksje fan de tekeningen en alle literêre bydragen yn it Frysk en yn in Nederlânske oersetting.
Ien fan de doelstellingen fan Tresoar is om de Fryske literatuer nei bûten te bringen, nije poadia en in platfoarm te bieden.… Lês fierder

Aginda 24-04-2015: Dag van de Brief

logo.ensafh

De brief en it bewarjen fan brieven stean op 24 april o.s. yn de skynwerpers by de Dag van de Brief yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert. Op dizze dei binne der lêzingen en bydragen fan û.m. dichter en klassikus Piet Gerbrandy, letterkundige Alpita de Jong, histoarikus Wiebe Bergsma (Fryske Akademy) en Teigetje en Woelrat, de eardere partners en húsgenoaten fan skriuwer Gerard Reve. Dêrnjonken is der in filmfertoaning fan Henk Penninga en binne der bysûndere brieven te sjen yn in útstalling yn De Harmonie.

Klik hjir foar mear ynfo (Tresoar)… Lês fierder

Teleks: Nyk de Vries makket lêste ultrakoarte ferhaal

logo.ensafh

De ôfrûne twa en in heal jier makke skriuwer Nyk de Vries wykliks ultrakoarte ferhalen foar Omrop Fryslân. Takom snein 5 april sil syn lêste ferhaal te hearren wêze yn it programma Buro de Vries. De skriuwer sil him de kommende moannen talizze op it klearmeitsjen fan syn nije roman ‘Renger’. It boek giet oer syn heit dy’t boufakker wie en frijwat sunich libbe, in ûnderwerp dat ek yn tal fan ‘e radioferhalen al oan ‘e oarder kaam. De roman sil ferskine yn it neijier, yn de Nederlânske en de Fryske taal. De ultrakoarte ferhalen waarden yn 2014 nominearre foar de NL-Awards yn ‘e kategory Radio Varia.… Lês fierder