Teleks: ‘De Smearlappen’ fan Anne Wadman wurdt ferfilme

logo.ensafh

It romrofte boek ‘De Smearlappen’ fan Anne Wadman wurdt ferfilme. It giet foarearst om in pilot fan it earste part fan it boek, dy’t yn novimber yn premjêre giet op Noardlik Filmfestival. De lanlik bekende akteur Derek de Lint sil ien fan de haadrollen spylje, Limboarger Elbe Stevens is de produsint. Fierders wurkje der in protte Fryske partijen mei oan de ferfilming, lykas Tryater, Omrop Fryslân, Tresoar, de NHL en it Friesland College.

De roman ‘De Smearlappen’ fersoarsake by it ferskinen yn 1963 in protte opskuor, om’t der iepenlik yn oer seks skreaun waard.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kamerbrief over kleine talenstudies

logo.ensafh

Minister van Onderwijs Jet Bussemaker heeft op verzoek van de Tweede Kamer een brief opgesteld waarin zij onder andere ingaat op de toekomst van de (kleine) talenstudies. De partijen waarmee Bussemaker in gesprek is, zoals de Vereniging van Universiteiten (VSNU) en het Regieorgaan Geesteswetenschappen, hebben een voorstel voor een minimumaanbod gedaan, en stellen dat er daarnaast een breder aanbod in stand zal moeten worden gehouden. Punten uit het voorstel zijn:

Nederlands, Engels, Frans, Duits en de klassieke talen Grieks en Latijn blijven als studies bestaan, aan verschillende universiteiten.
Fries blijft als bacheloropleiding bestaan aan de universiteit van Groningen.

Lês fierder by Onze TaalLês fierder

Teleks: Gysbert Japicxpriis 2015: Longlist mei tolve titels

logo.ensafh

Gysbert Japicxpriis 2015

Gysbert Japicxpriis 2015: Longlist mei tolve titels

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat in longlist bekendmakke fan tolve Frysktalige romans of ferhalebondels. Op de list steane titels fan auteurs mei in lange steat fan tsjinst mar ek in pear debuten. Yn har nijsberjocht op de website sirkwy.nl lizze de kommisjeleden yn it koart út hoe’t se oant no ta te wurk gien binne. Se stelle dat se foar de longlist boeken keazen hawwe ‘mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte’.

De advyskommisje ropt de lêzers fan Fryske literatuer op om de nominearre boeken ek te lêzen.… Lês fierder