Aginda 29-01-15: Een trein later

logo.ensafh

In oerke frij lústerje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer.

Op de earste dei fan de Poëzijwike fynt de twadde edysje fan Een trein later plak. In ynspirearjend tafelpetear mei diskear: dichter Pieter Boskma, teaterfoarmjouwer Kees Botman en saksoafoniste Tineke Postma oan foar in ynspirearjend tafelpetear.

Een trein later is in ynisjatyf fan algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en De Culturele Onderneming en fynt plak yn de boppeseal fan Café Wouters, tsjinoer it stasjon fan Ljouwert. De tagong is fergees. Fan herte wolkom!

Foar mear ynfo: De Culturele OndernemingLês fierder

Aginda 06-02-15: Russysk-Fryske jûn mei Aliona van der Horst

logo.ensafh

Freed 6 febrewaris hâldt de Gerben Rypma Stifting yn oparbeidzjen mei it kulturele en literêre opinytydskrift de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum.

Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse Filmacademie en wurket foar de VPRO en de NPS.

Van der Horst makke ûnder mear de tal fan kearen bekroande dokumintêre De dame met het witte hoedje, it skrinende ferhaal oer Hanna Michailenko út Odessa, dy’t tusken 1980 en 1988 troch de KGB opsletten waard yn in psychiatryske ynrjochting fanwegen har dissidinte politike ideeën.… Lês fierder

Teleks: ‘Der leit in krokodil ûnder myn bêd’ Frysk Printeboek fan it jier 2015

logo.ensafh

Der leit in krokodil ûnder myn bêd fan Ingrid & Dieter Schubert, is troch It Fryske Berneboek keazen ta Frysk Printeboek fan it jier 2015. Yn de Nasjonale Foarlêsdagen dy’t fan 21 oant 31 jannewaris holden wurde stiet dat printeboek sintraal. De skriuwers hawwe it printeboek út 1980 oanpast oan de tiid fan no en it leit wer as nij yn de boekhannel. De Fryske edysje is útjûn troch de Afûk.

Op 28 jannewaris sil yn it nije Boartersteater Heksie Peksie te Blije it Frysk Printeboek fan it Jier presintearre wurde mei meiwurking fan skriuwster Auck Peanstra en yn oanwêzichheid fan de beukers fan trije skoallen út Ferwert, Reitsum en Dokkum.… Lês fierder

Teleks: Oprop ‘FestiValentijn’

logo.ensafh

In hert fan stien?
De buk fol flinters?
Handich mei wurden?
Skerpe pen?

Wy binne op syk nei dýn gedichten, yn it tema Leafde. Dan kinst tinke oan; ferealens, lust, drama. De gedichten sille, begelaat troch live pianomuzyk, foardroegen wurde wilens ús festival ‘festiValentijn‘.
Fansels bliuwe de gedichten dyn eigendom. Dyn namme wurdt neamd, of dat moatst net wolle.
Stjoer dyn bydrage foar 31 jannewaris 2015 nei harmonieweidum@outlook.com of doch se anonym yn de brievebus fan Sânpaed 34 (Weidum).

Mei freonlike groetnis,
ût namme fan Harmonie Weidum,
Janneke de Boer.… Lês fierder