Teleks: Archeologen vinden oude stavering

logo.ensafh

De exacte vindplaats houden ze angstvallig geheim, maar een groepje amateur-archeologen heeft vorige week een zeer bijzondere, eeuwenoude stavering gevonden. Het sieraad zou mogelijk een verband hebben met de vondst van de fibula in Wijnaldum in de jaren negentig. De oude stavering zal binnenkort verder worden onderzocht door wetenschappers van de Fryske Akademy.

Lês fierder by de BûtenpostLês fierder

André Looijenga

Taalweb: de Fryske taalmienskip wachtet op ferstannige amendeminten

logo.ensafh

De spesjalisten en deistige brûkers fan de Fryske taal binne noch hieltyd bot ferdield oer de útstelde staveringsferoaring en de Fryske wurdlist. Dat blykte ek út de presintaasjes en de diskusje op de jûn dy’t de Fryske Akademy op moandei 1 desimber dêroer belein hie. Yn de taalmienskip is der gjin ienriedigens oer it nut fan in feroare skriuwwize fan guon Fryske wurden. Likegoed sil Provinsjale Steaten op woansdei 10 desimber in beslút nimme oer Taalweb, dêr’t op dit stuit de staveringsferoaring noch diel fan útmakket.

De diskusjejûn yn Tresoar wie troch de Fryske Akademy ynearsten tocht as in besletten gearkomste mei Steatenleden.… Lês fierder

Teleks: Boek fan de Moanne desimber 2014 ‘De waarmte fan de winter’, winterboek fan skriuwers en keunstners

logo.ensafh

De stoarmwyn hoart om hûs en hear, de winter is op kommen…

In waarm boek foar de kâldste moannen fan it jier.

Fol winterske ferhalen, gedichten, resepten en prachtich wurk fan Fryske byldzjende keunstners.
In skitterjend boek foar de lange winterjûnen.

Lês en sjoch fierder by It Boek fan de MoanneLês fierder

Teleks: 40e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels

logo.ensafh

It Fryske Bûsboekje 2015 is de fjirtichste útjefte fan wat yn 1975 begûn. Sûnt doe hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen (en net-Friezen) yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976.
Der is yn de rin fan de jierren al in soad feroare. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.
It tema fan it fjirtichste Bûsboekje is ‘humor’. In soad nijs giet al oer wat der ferkeard giet yn ‘e wrâld. Dêrom wol de redaksje soargje foar in glim op it gesicht fan minsken.… Lês fierder

Aginda 01-12-14: debat oer wurdlist en stavering yn Tresoar – bywurke

logo.ensafh

Nei in perioade fan stilte om it Fryske Griene Boekje en de offisjele stavering fan ús taal hinne, is de diskusje dêroer hommels wer folop yn ‘e ûntbrând. Der is kommende moandei (1 desimber) sels in iepenbiere debatjûn oer. Dêr binne ek leden fan Provinsjale Steaten by oanwêzich.

Lêzers dy’t de arguminten yn de diskusje nochris hearre wolle of der fragen oer hawwe, kinne moandei telâne by Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. De sprekkers binne Jelle Bangma (meiwurker taalsintrum Frysk), Peter van den Bergh (jurist), Koen Eekma (direkteur Afûk), Tanneke Schoonheim (wurdboekmakker by it INL), Jan Schotanus (skriuwer en oersetter) en Henk Wolf (taalkundige en dosint Frysk).… Lês fierder