Aginda 10 o/m 12-12-14: Frysk Filologekongres

logo.ensafh

Woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber 2014

De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ‘e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

Programma en gearfettingen

De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ‘e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ‘e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje.… Lês fierder

Teleks: Biltske kultuerpriis foar Elings en Hilarides

logo.ensafh

Hendrik Elings en Hein Jaap Hilarides krije de Biltske Kultuerpriis fan 2014. Neffens de sjuery betsjutte beide manlju in soad foar de Biltske kultuer. Hilarides is muzikant en Eilings is skilder. Sa spylje se tegearre yn de ‘Rebound Boogie Bent’ en hawwe se in kollum yn de Bildtse Post. Hein Jaap Hilarides skriuwt de teksten en Hendrik Eilings makket de yllustraasjes derby.

De kultuerpriis wurdt op 18 desimber útrikt troch wethâlder Boukje Tol.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Skoallen nimme Fryske les net serieus

logo.ensafh

Subsydzje foar de Fryske les moat ek foar de Fryske les brûkt wurde. Dat wie it boadskip fan de provinsje oan de leararen Frysk yn de provinsje. Dy hiene tongersdei in kongres yn Ljouwert.

Amtner Tsjerk Bottema makke by dy gelegenheid buorkundich dat hast de helte fan de learlingen yn it fuortset ûnderwiis net of amper Fryske les kriget, wylst de skoalle dêr meastal wol ta ferplichte is. De provinsje jout skoallen dêrom gjin subsydzje as se net sjen litte dat it foar de Fryske les brûkt wurdt.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Tsien nije werútjeften

logo.ensafh

Yn it ramt fan it projekt ‘Lezen voor de lijst’ ôfdieling Frysk binne tsien nije Fryske werútjeften beskikber kommen.
De titels wurde útjûn ûnder it imprint TDE (Tresoar-DBNL-Elikser). Elikser hannelet de útjouwersomballingen ôf. Omdat it giet om útjeften neffens it printing on demand prinsipe, bliuwe de titels altyd leverber.
Sân fan de tsien titels steane op Lezen voor de lijst, trije wurde oanrekommandearre yn de rubryk ‘suggestjes’ dy’t by elke titel op Lezen op de lijst opnommen is.
Mei koarten binne de boeken ek leverber as e-book.

Sjoch foar mear ynfo by SirkwyLês fierder

Teleks: Fryske Bommel yn 2015 kadoboek

logo.ensafh

Utjouwerij Le Chat Mort út Ketlik en Tresoar út Ljouwert binne oerienkommen dat yn 2015 in Fryske Bommel útjûn wurde sil. Jarich Hoekstra en Harke Bremer, dy’t al earder Bommelferhalen oerset ha, sille ek dizze útjefte fersoargje. It ferhaal dat oerset wurdt is ‘De Vergelder’. It is in ferhaal oer de útfining fan in jildapparaat yn finansjeel nuodlike tiden. In tema dat oanslút bij de aktualiteit fan hjoeddei. De útjefte sil brûkt wurde as kadoboek yn de promoasjeperioade fan Swalk (11 o/m 20 septimber 2015). It boek sil fanôf 11 septimber 2015 yn de boekhannel lizze en is te krijen by oankeap fan in oar boek.… Lês fierder