Aginda 10-12-14: Literaire avond De vier Pelikanen

logo.ensafh

De vier Pelikanen thuisbasis voor literair talent

Vanaf december wordt Kleintheater De vier Pelikanen thuisbasis van literaire avonden.

In samenwerking met organisator, Tim Honnef, wordt er een podium voor nieuwe én gevestigde literaire talenten uit Friesland en daarbuiten gecreëerd. Een intieme en inspirerende plek om het werk aan publiek te presenteren. Vanaf 10 december worden deze avonden maandelijks georganiseerd.

Vanaf januari 2015 introduceren Honnef en het Kleintheater een nieuw concept: De Scratch Night. Nieuwe en gevestigde schrijvers, muzikanten en cabaretiers tonen voor de pauze hun nieuwe werk aan publiek. Na de pauze vind er een try-out plaatst van een voorstelling die net de schrijftafel heeft verlaten.… Lês fierder

Teleks Hylke Speerstra: ‘Sinnen moatte dûnsje nei de folgende’

logo.ensafh

Een afgeladen Trinitas in Heerenveen deed Hylke Speerstra op donderdag 30 oktober realiseren hoeveel ‘kunde’ en vrienden hij zo langzamerhand heeft, ,,Je wurde libbe sa’n middei, je ha amper it gefoel dat je it allegearre wiermeitsje kin.’
Inmiddels is Op klompen troch de Dessa al weer aan zijn tweede druk toe.

Lês fierder by Nieuwsblad Nooroost-FrieslandLês fierder

Teleks: Nije Toal & Taiken is oet

logo.ensafh

Tiedschrift veur Grunneger kultuur, nr 5, sept./okt. 2014

Oet de inhold:
Aafke van Hoorn-Meinardi (Omkiekeriekjen): Braifke.
Jan Oldenhuis:t Ofwoatern van t Westerketier.
Jur Engels: Rieuw woar je zo mit aan de slag kinnen.
Tonko Ufkes (Tonko’s Hörntje): Bunt und bliede; Aans deur; Thoes, thuus & thuis.
Eline Brontsema (Stukje): Een bos bloemen.
Jos Rietveld en Henk Scholte (Eterij): Gernoat en garnalen.
Joop van den Bremen (Spaigelproatje): Erwin de Vries.
Jos Rietveld (Snibbels): Engelse Kamp 1914.
Henri Wierth (Column): Nijmoods winkeln.
Jos Rietveld en Henk Scholte (Lutje eterij): Dreuge worst…
Martin Hillenga: (Cursiefje): Uut, goud veur joe.
Middenploat: Willem Friedrich: Lauwersoog.
Van de volgende schrievers en dichters binnen biedroagen opnomen:
Tineke Boersema, Annie van Dijken, Giny Hartman, Tim Hulzebos, Jan de Jong, Ida Leutscher, Kunny Luchternberg, Anneke Mensen-Siegers, Albert Moesker, nane van der Molen, Coby Poelman-Duisterwinkel, Henk Puister, Aukje Tillema, Wilko Vroom, Bert Weggemans, Henri Wierth, Hanne Wilzing.… Lês fierder

Teleks: Tresoar wol him mear op jongeren rjochtsje

logo.ensafh

Nei in yngripende ferbouwing fan in pear moannen, hat histoarysk sintrum Tresoar tongersdei in tal nije romten offisjeel yn gebrûk naam. It gebou hat mear publyksromten krigen en wol foar de takomst benammen ek jongeren lûke.
Der binne wurkplakken makke dy’t it foar studinten oangenamer meitsje om te wurkjen. In groep studinten fan de Ryksuniversiteit Grins, dy’t Multilingualism studearret, krijt fan septimber ôf al trije dagen yn ‘e wike kolleezje yn it gebou fan Tresoar.

Ek it âlde wurdt net fergetten. Sa is der in búste fan Obe Postma ûntbleate. Postma wie ien fan Fryslâns ferneamdste ûndersikers en dichters.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Friduwih Riemersma

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

logo.ensafh

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

De Fryske Akademy hat op har Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing (http://www.fryske-akademy.nl/nl/taalwebfrysk-faq/), ûnder it kopke: ‘Hoefolle feroaret it wurdbyld troch de staveringsoanpassing?’ in opmerklike útlitting dien. “De wurden (ynklusyf gearstallingen en ôfliedingen) dy’t wizigje, meitsje wat frekwinsje oanbelanget mei-inoar 0,07% út fan [it totaal fan] 8 miljoen wurden.” Ik haw dêr hurd om lake, hoewol’t gûle miskien mear op syn plak west hie: it wie in tige kontraproduktive foarm fan gerêststellende retoryk.

Pieter Breuker hat yn syn artikel “Trije jier ‘stúdzje’, € 378.000 subsydzje en dan dit (IV). Sitaat foar de sneintejûn: Lies, damned lies, and statistics” al it ien en oar opmurken oer it polityk tapassen fan statistyk.… Lês fierder

Teleks: Fryske Facebook-oersetsprint

logo.ensafh

Fryske Facebook-oersetsprint
Dochsto ek mei?

Hasto ek in Facebook-account? Praatsto Frysk en kinsto ek aardich Frysk skriuwe? Help ús mei mei it oersetten fan Facebook yn it Frysk op de Fryske Facebook Oersetsprint! Op freed 28 novimber besykje wy mei sa folle mooglik minsken it lêste part fan Facebook oer te setten yn it Frysk.

Facebook is al in skoftke beskikber yn it Frysk, mar noch hieltyd allinnich as bèta-ferzje. It hat noch ien ekstra triuwke nedich om folslein yn it Frysk beskikber te kommen.

Dat moatte wy fansels mei-inoar kinne! Elkenien mei in Facebook-account dy’t Frysk skriuwe kin, kin meidwaan.… Lês fierder

Teleks: Anton Wachterpriis útrikt

logo.ensafh

Niña Weijers hat sneontemiddei de Anton Wachterpriis yn ûntfangst naam. De twajierlikse priis foar it bêste skriuwersdebút waard yn de Grutte Tsjerke yn Harns útrikt. Weijers krige de priis foar har roman ‘De Consequenties’. De priis bestiet út in replika fan it byldsje fan Anton Wachter op de Foarstrjitte yn Harns en in jildbedrach.

De Ina Dammanpriis waard útrikt oan Emanuel Overbeeke. Hy krige de priis fanwege it omtinken dat er jûn hat oan Simon Vestdijk as muzykleafhawwer.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder