Arjan Hut jout op 4 novimber yn Tresoar de workshop ‘De taalsintra werskikke’. Hut lit syn kursisten de holle leechmeitsje, set it tinken stil en helpt sa syn kursisten op gong mei dichtsjen. Dat kin, as je de taalsintra wer-skikke en opskodzje en de poëzije út de wurden sels helje. De fraach ‘Hoe kinne je in gedicht in oare jas oandwaan?’ komt ek oan bar, en ek it ûnderdiel ‘Plezier mei plagiaat’, alles wat net mei mar wol moai wurk is.
Hut syn workshop is de twadde yn in rige fan trije workshops poëzy foar begjinnende dichters. De tredde workshop wurdt jûn troch Elske Kampen op 18 novimber.… Lês fierder