Teleks: Poëtische piepers vanuit Leeuwarden naar Malta

logo.ensafh

Als EERSTE zichtbare activiteit van de samenwerking tussen de beide Culturele Hoofdsteden van Europa in 2018, Leeuwarden-Fryslân en Valletta, zullen op woensdag 24 september vanaf het terrein van de Blokhuispoort zeven Friese gedichten in de eerste container pootaardappelen richting Malta worden verscheept.

Deze activiteit is bedacht en wordt uitgevoerd door Stichting De Bildtse Aardappelweken (BAW) in het kader van het grootse project Potatoes go Wild. Voor deze aardappel/poëzie uitwisseling wordt samengewerkt met Valletta 2018 en aardappelcoöperatie Agrico. Het bedrijf heeft speciale jutezakken laten bedrukken, waaraan een Bildtstalig en in het Engels vertaald gedicht van Hein Jaap Hilarides is bevestigd. Rond maart 2015 wordt de oogst Maltese gedichten met de nieuwe aardappelen vanuit Malta teruggevoerd, en zo zal het vier jaar lang gaan.… Lês fierder

Teleks: Opbringst sutelaksjes gelyk oan opbringst 2008

logo.ensafh

De opbringsten fan de sutelaksjes fan Stifting Tsjil binne gelyk, en yn guon gefallen noch better, as de opbringsten fan de ‘âlde’ sutelaksje yn 2008. Sneon waard sutele yn Wergea, Boarnburgum en Eksmoarre/Allingawier.

De opbringst yn Wergea en Boarnburgum wie gelyk oan de opbringst seis jier lyn. De opbringst yn Eksmoarre en omkriten gie sels noch in aardich ein omheech: fan goed 800 euro doe, nei mear as 1500 euro dit jier.

De sutelaksje fan It Fryske Boek waard fiif jier lyn ôfskaft, omdat dy wize fan ferkeap net mear fan dizze tiid wêze soe. Dêrnei gie de ferkeap fan Fryske boeken alle jierren fierder efterút.… Lês fierder

Aginda 26-09-14: Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

logo.ensafh

Boekpresintaasjes útjouwerij HotSum yn restaurant Stoof

Op freed 26 septimber wurde twa boeken presintearre dy’t koartby publisearre binne troch de útjouwerijen HotSum en De Contrabas. Dat sil plakfine yn Restaurant Stoof, Franekereind 23, 8861 AA, Harns.

Yn de Fryske essaybondel Alde Meuk? ûndersykje trije Fryske wittenskippers it ferskynsel ‘klassike boeken yn it Frysk’. Dizze bondel is ûntstien troch gearwurking fan útjouwerijen HotSum, De Contrabas en it Sirkwy Sympoasium. Dêrnei sjocht de Frysk-Nederlânsktalige bondel Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer (1927) it ljocht. It is har sechsde dichtbondel.

Programma

16.30 oere Ynrin mei kofje en wat derby
17.00 oere Presintaasje
Sprekkers: Chrétien Breukers fan De Contrabas, Jetske Bilker fan útjouwerij HotSum en Teake Oppewal fan Sirkwy Sympoasium
18.00 oere Utrikking Tei-iizje / Lok-azen fan Aggie van der Meer
Aggie van der Meer lêst út eigen wurk

Nei ôfrin kinne jo yn klassike styl ite: der is in spesjaal menu ‘Alderwetsk lekker’ yn de foarm fan in stoofpriuwerij foar de priis fan € 15,-.… Lês fierder

Teleks: Ferslach Obe Postma middei

logo.ensafh

Seis jonge(re) dichters sprutsen op in gearsit yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar oer de ynfloed fan Obe Postma op harren wurk. Goed fjirtich taharkers krigen meinimmende en ek geastige kauseryen opdist. Eltse sprekker sleat ôf mei in foardracht fan eigen, troch Postma oanrekke gedichten. De middei wie yn it ramt fan it literatuerfestival Swalk opset troch it Obe Postma Selskip yn ’e mande mei Tresoar.

Lês fierder by Klaas van der HoekLês fierder