Wethâlder Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân iepent tongersdei om 13:00 oere in nije boekwinkel yn it sintrum fan Drachten. Bysûnder is, dat der yn de winkel inkeld Fryske boeken en boeken oer Fryslân te krijen binne èn dat de winkel nei trije dagen wer ferdwynt.
Dizze pop-up-store is in nij fenomeen en it is foar it earst, dat der sa’n tydlike winkel mei Frysk wurk ynrjochte is. De winkel oan de Markt 2 is in ynisjatyf fan Stifting Tsjil.
Sutelaksje
Mei de Moanne fan it Fryske Boek ferdwûn ek de tradysjonele boekemerk yn it sintrum fan Drachten. De belangstelling foar Fryske boeken en de merk rûn de lêste jierren fluch werom.… Lês fierder