Marga Waanders foarsitter Gysbert-sjuery 2015

logo.ensafh

Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.

Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder

Teleks: Nije roman Steven H.P. de Jong ‘It testamint fan Mr.Dr. K’

logo.ensafh

By útjouwerij Palisse (Wijk aan Zee) is in nije roman útkaam: ‘It testamint fan Mr.Dr. K.’ fan Steven H.P. de Jong (ISBN: 978-90-821237-2-2, 194 siden). It is de 15e publikaasje yn boekfoarm fan dizze skriuwer, dy’t berne is yn 1935. Steven de Jong is bekend yn it fermidden fan Fryske literêre skriuwers en hat yn 1992 de Gysbert Japicx priis krigen foar syn roman ‘De Wuttelhaven del’.

Lês hjir fierder (pdf)

 … Lês fierder

Teleks: Sjuery Gysbert Japicxpriis 2015 bekend

logo.ensafh

Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga, Doeke Sijens en Marga Waanders foarmje de sjuery foar de Gysbert Japicxpriis foar Fryske Literatuer 2015. Se meie teset oer proaza út 2011 oant en mei 2014. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De iene kear foar proaza en de oare kear foar poëzij.

Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar hat de kar foar de sjuery foarlein oan Deputearre Steaten fan Fryslân. Dy binne akkoart mei de beneaming. Yn 2013 gie de Gysbert Japicxpriis nei Jacobus Q. Smink foar syn bondel Sondelfal.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Petear mei Bart FM Droog

logo.ensafh

Diezelfde a-kritische grondhouding doet zich voor onder ‘bevriende’ dichters. Die omwille van de vriendschap elkander veren in de reet steken en op malkanders loftrompet blazen. Maar zoiets noem ik geen echte vriendschap – echte vrienden durven elkaars werk te bekritiseren, ook publiekelijk. Want juist daarvan kunnen zowel de bekritiseerde als anderen leren. Van louter lofuitingen wordt niemand wijzer.

Lês fierder by SlavierLês fierder

Teleks: Lida Dykstra jout kursus ‘ferhalen skriuwe foar bern’

logo.ensafh

Lida Dykstra, dit jier 20 jier skriuwster, jout
kursus ‘ferhalen skriuwe foar bern’ by Tresoar.

Yn 1994 ferskynde Lida Dykstra har debút, de jeugdroman Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Sûnt dy tiid hat se yn in ferbjusterjend tempo in grut oeuvre opboud, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
Allinne har list mei Frysk wurk beslacht al 24 titels, fan printeboeken lykas Mûske myn famke, oant jeugdboeken en titels foar folwoeksenen as Ik, Anna en De nije seemearmin.
Har wurk falt op troch it boartlike taalgebrûk, de goede komposysje en belangstelling foar histoaryske ûnderwerpen.
Lida Dykstra wûn ek ferskate kearen in Rely Jorritsmapriis.… Lês fierder

Teleks: Met LeesID iedereen een eigen digitale boekenkast

logo.ensafh

De Stichting CPNB heeft vandaag op Manuscripta op Utrechts Uitfeest, de opening van het nieuwe boekenseizoen, het nieuwe digitale initiatief LeesID gelanceerd. LeesID is een wereldprimeur: het stimuleert en vergemakkelijkt digitaal lezen door een eigen digitale boekenkast aan te maken voor iedere e-booklezer, waarin al zijn of haar e-books worden bewaard.

Sjoch foar mear ynfo: LiteratuurpleinLês fierder