Teleks: Deputearre Jannewietske de Vries sutelt yn Warten

logo.ensafh

Deputearre Jannewietske de Vries fan de provinsje Fryslân docht mei oan de sutelaksje fan de stifting Tsjil yn Warten op sneon 6 septimber. Tsjil organisearret op fjouwer sneonen yn septimber sutelaksjes yn doarpen, dy’t sels oanjûn hawwe dat sy as fanâlds mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del wolle. De stifting wol de ferkeap fan dy boeken dêrmei in nije ympuls jaan. Nij is dat in part fan de opbringst foar de ferienings is, dy’t de frijwilligers by elkoar socht hat.

De boekekrante Speak is yntusken, mei troch stipe fan de provinsje Fryslân, yn hast de hiele provinsjehûs oan hûs besoarge.… Lês fierder

Teleks: Poëziedebuut van Gerard Reve naar Universiteit van Amsterdam

logo.ensafh

De afdeling Bijzondere Collecties van de Universiteit van Amsterdam (UvA) heeft het originele typoscript van Gerard Reves dichtbundel Gezicht op Kerstmis uit 1965 gekregen. Het manuscript is een geschenk van hoogleraar kinder- en jeugdpsychiatrie Frits Boer.

Gezicht op Kerstmis, en andere geestelijke liederen is de eerste dichtbundel van (toen nog) Gerard Kornelis van het Reve. De bundel ontstond in Huize Het Gras te Greonterp en verscheen in een oplage van negenenveertig genummerde exemplaren.

Lês fierder by HistoriekLês fierder

Teleks: Protters Nij inisjatyf foar groep 7 en 8

logo.ensafh

Protters_Pears

Protters rige foar Frysk lêzen

Lêze
Lêze is noch altyd in wichtich ûnderdiel fan it learen. Skoallen, bibleteken, âlden… elts docht syn bêst om de bern oan it lêzen te krijen. Mar, binne der foar elk type bern genôch oantreklike boeken? Seker as it om it Frysk giet, mei der wol wat by.

Nije foardielige rige foar groep 7 en 8

Foar it Frysk is der dit jier in nij inisjatyf: de Protter-rige.
Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy’t hiel foardielich oanbean wurde kinne.… Lês fierder

Teleks: Marten Winters winnaar Jan Janszoon Starterprijs

logo.ensafh

(tekst: gemeente Leeuwarden)

Marten Winters winnaar Jan Janszoon Starterprijs

Beeldend kunstenaar Marten Winters uit Leeuwarden heeft voor zijn project Het Schip De Lading de Jan Janszoon Starterprijs voor Podiumkunsten gewonnen. De prijs, een bedrag van vijfentwintighonderd euro, werd uitgereikt bij de opening van het UIT!festival Lwd door wethouder Andries Ekhart.

De Jan Janszoon Starterprijs is ingesteld door de gemeente Leeuwarden en wordt uitgereikt aan een persoon, groep of instelling die een bijzondere bijdrage heeft geleverd aan de podiumkunsten in de gemeente Leeuwarden. De jury bestond deze editie uit Yvonne Bleize, voorzitter van Stichting Liet ’91, Siart Smit, zakelijk leider van Tryater en Albert van der Kooij, directeur van Minerva Academie voor Popcultuur.… Lês fierder

Teleks: Bernard Smilde ferstoarn

logo.ensafh

It Reformatorisch Dagblad meldet it ferstjerren, ôfrûne sneon, fan Bernard Smilde.

Ujouwerij Jongbloed oer Bernard Smilde:

‘Bernard Smilde hat op alderhanne mêden namme makke. As dominy, as bibeloersetter, as oersetter, berimer en dichter fan lieten, as komponist, útfierend musikus, musikolooch en hymnolooch wie er jierren warber en liet er as publisist fan him hearre.’… Lês fierder

Teleks: Littenser Merke yn 10 Books from Holland

logo.ensafh

De Fryske titel foar de Letterenfonds-brosjuere ‘10 Books from Holland’ 2014 is Littenser Merke fan Ale S. van Zandbergen. De redaksje fan de brosjuere hat keazen foar Littenser Merke op basis fan in ynventarisaasje by útjouwers en adviseurs fan it Letterenfonds. Neffens Alexandra Koch fan it Letterenfonds is Littenser Merke gaadlik foar promoasje yn it bûtenlân omdat it wiidweidich en posityf besprutsen is yn Fryslân, en omdat it boek yn 2014 sawol de Rink van der Velde-priis as de Douwe Tamminga-priis krigen hat.
De brosjuere ‘10 Books from Holland’ wurdt brûkt om Nederlânske en Fryske literatuer yn it bûtenlân oan de man te bringen op, ûnder oaren op The London Book Fair en de Frankfurter Buchmesse, dy’t dit jier fan 8 oant 12 oktober plakfynt.… Lês fierder