Aginda 26-06-2026: Festivaljûn oer de dichter Obe Postma

logo.ensafh

Bysûndere festivaljûn mei poëzij, essay-foardrachten, muzyk & dûns oer de dichter Obe Postma en syn leafde foar it Fryske lânskip.

Op freedtejûn 26 juny fynt yn de Bonifatiustsjerke yn Koarnwert de festivaljûn Ode oan Obe plak. It is in Ode oan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. Mei poëzy, sprutsen essays, muzyk en dûns wurdt earbetoan brocht oan wittenskipper en dichter Obe Postma, dy’t yn Koarnwert berne waard en dêr ek begroeven leit.

Obe Postma jildt as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Syn wurk is bot ferbûn mei it Fryske lânskip, it oantinken oan syn jeugd en it doarp Koarnwert.… Lês fierder

Aginda 18-06-2026: Feestlike útrikking Fryske Essaypriis

logo.ensafh

Op tongersdeitejûn 18 juny is yn De Bres yn Ljouwert de feestlike útrikking fan de Fryske Essaypriis. De skriuwers yn ’e top-3 sil harren essays foarlêze en nei it foarlêzen fan it sjueryrapport wurdt dan de winner bekend makke.

De jûn wurdt ekstra feestlik mei muzyk fan Bennie Huisman. De sjuery, besteande út Abe de Vries, Jelma Knol en Doeke Sijens, hat mei nocht de tweintich ynstjoeringen lêzen en dêrút in kar meitsje kinnen. De winnende essays wurde publisearre yn de nijste Ensafh.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Utstalling ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ iepene

logo.ensafh

Yn Ljouwert iepene Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, freedtemiddei 22 maaie, de troch him gearstalde eksposysje Lytse Ivichheid – Eindeloos Nu, wêryn’t Fryske dichtbondels en harren omslachûntwerpen út de ôfrûne hûndert jier sintraal stean. Wy fan de Moanne wiene der by!

De titel Lytse Ivichheid – Einleas No is ynspirearre op de bondel Lytse Ivichheit fan Jan Dotinga út 1965, ien fan de omslaggen dy’t diel útmakket fan de útstalling. “In titel dy’t past by it gefoel dat je yn sa’n útstalling stekke”, sa seit Arjan Hut by de iepening. Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne iuw ferskynden, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.… Lês fierder

Teleks: Mar leafst seis skriuwers skriuwe Frysk Kadoboek 2026

logo.ensafh

Net minder as seis skriuwers skriuwe it Frysk Kadoboek foar de Fryske Boekewike 2026. Gabrielle Terpstra, Marije de Lange, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Henk van der Veer en Johan Veenstra skriuwe elk in ferhaal foar it Kadoboek dat ferskynt ûnder de titel ‘Libje fanút gelok’. In Kadoboek fol mei persoanlike, waarme, kwetsbere, humoristyske, aktuele en mytyske ferhalen.
Utjouwer Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise is entûsjast: “As útjouwer fyn ik dit in hiel bysûnder projekt. Ik fyn it wichtich dat der yn dit boek ek oandacht is foar streektalen as it Stellingwerfsk, it Snitsers en it Biltsk. Dit kadoboek is in stipe foar it yn libben hâlden fan dy streektalen en it Frysk.… Lês fierder

Teleks: Geart Tigchelaar nei Transpoesie

logo.ensafh

Geart Tigchelaar nei Transpoesie

Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “Where voices meet”, mei oandacht foar taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.

Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch dichter Geart Tigchelaar. Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn ’e Greidhoeke. Nei tsien jier lang as oersetter en korrektor wurke te hawwen, hat er no in baan yn it miljeukundige wurkfjild. Tusken de bedriuwen troch besiket er tiid frij te meitsjen om te wurkjen oan mear aktivistyskere poëzy en syn tredde en foarearst lêste roman.Lês fierder

Poëzie (1036): De Jong ‘Frjemde fûgels’

logo.ensafh

Frjemde fûgels, gedicht van Andries Jelle de Jong
Gevonden door Sybrand op de Hegewei in Nijega

Andries Jelle de Jong (* 1977) werd geboren in Drachten. Hij studeerde Nederlands en heeft tien jaar lang in het voortgezet onderwijs gewerkt als docent Nederlands. Daarna is hij gaan schrijven. Van zijn hand verschenen boeken, over mediaondernemer en voormalig PowNed verslaggever Dennis Schouten en over muzikant en voormalig lid van Di-Rect Tim Akerman.
Van 2017 tot en met 2018 was De Jong gemeentedichter van Smallingerland.

Lês en sjoch fierder by DorsoduroLês fierder

Teleks: Gedichten oer drank, froulju en de dea: Piet Paaltjens hat eigen plakette yn Ljouwert

logo.ensafh
Oan de Voorstreek yn Ljouwert hinget no in plakette fan Piet Paaltjens, ien fan de grutste dichters út de Nederlânske literatuer.
It idee dêrfoar ûntstie fanwegen de biografy dy’t skriuwster Marita Mathijsen oer de dichter makket. De kar foar de lokaasje is in logyske: it bertehûs fan Paaltjens.
Dy namme krige de dichter trouwens net doe’t er berne waard yn it Ljouwert fan 1835. Syn echte namme wie François HaverSchmidt.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân
Lês fierder