“Tinke jo noch gauris mei nocht en wille werom oan jo mem dy’t altyd de tee klear hie as jo thúskamen fan skoalle? As jo tee rûke, tinke jo dan werom oan dy bysûndere teeseremoanje dy’t jo yn ‘e fakânsje ris besocht hawwe? Hawwe jo jo wolris de takomst foarsizze litten út teebledsjes? Gnize jo noch as jo weromtinke oan dat soppige koekje dat beppe altyd op ‘e jurk falle liet nei’t se it yn ‘e tee doopt hie?”
Dy fragen stelt Janke Vlas fan keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Hja organisearret in útstalling oer tee, dy’t op 6 septimber fan ein set.… Lês fierder