Oprop: dyn folsksferhaal yn it programma fan Swalk?

logo.ensafh

Heksenhamer en Tresoar binne op ‘e sneup nei folksferhalen: bysûnder, âld, nij, grut, lyts, eang of grappich; alle leginden, geroften en sterke ferhalen. Alles is wolkom.

De Heksenhamer-artysten, sa as Sytse Sneekweek, Hilbrandt, Douwe Dijkstra en de sneue vertoning en Willie Darktrousers, of ien fan de masterfertellers Douwe Kootstra of Mindert Wijnstra sille mei dyn ferhaal oan ‘e slach. Dy wurde spile, filme, ferdichte, skildere of it ferhaal wurdt in ûnderdiel fan it programma op it Theaterskip Bald’r.

Hast in tip foar in bysûnder ferhaal? Kinst doarps- of buertgenoaten dy’t in pleatslik of in persoanlik ferhaal te fertellen hawwe? Fynst it aardich om dyn ferhaal yn in nij jaske stekke te litten?… Lês fierder

18, 19 en 20-07-14 Dichters in de Prinsentuin 2014 mei û.o. Edwin de Groot

logo.ensafh

‘Dichters in de Prinsentuin vindt dit jaar plaats op vrijdag 18, zaterdag 19 en zondag 20 juli. Op zaterdag en zondag heeft het festival zijn vertrouwde plek in de prachtige renaissancistische Prinsentuin, in het hartje van Groningen. Op de openingsdag vinden alle programma-onderdelen in en rond de voormalige Suikerfabriek van Groningen plaats.

Het festival biedt naast vertrouwde programma-onderdelen, zoals de voordrachten in de befaamde ‘loofgangen’ van de Groninger Prinsentuin, ook veel nieuwe onderdelen. Zo zal de dichter Joost Oomen een muzikale voorstelling schrijven met klassieke muzikanten én een brommer op het uitgestrekte terrein van de Groninger Suikerunie. Toon Tellegen draagt ‘De optocht’ integraal voor in de Martinikerk op zaterdagavond en de Zuid Afrikaanse schrijfster Marlene van Niekerk is te bewonderen op de openingsavond in de Suikerfabriek.’… Lês fierder

Utslach Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2014

logo.ensafh

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat der dit jier ien fers yn oanmerking komt foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns. Fjouwer ferhalen komme ek foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking, wylst oan ien ferhaal in ‘blyk fan wurdearring’ takend wurdt. It winnende fers is ‘Wat opdage’ fan Marije Roorda. De winnende ferhalen binne ‘Flinteraikes’ fan Lida Dykstra, ‘Oer wurd en dea’ fan Simen de Jong, ‘Animaasjeknyn’ fan Geert Nauta en ‘Nea besite’ fan Forina van der Zee. In ‘blyk fan wurdearring’ wurdt takend oan ‘Yn ‘e wyn op’ fan Rixt Weiland.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege, André Looijenga

Nij op ’e planke – simmer 2014

logo.ensafh

Moai waar, lange dagen
Folle koffers, lege holle
Even útwaaie, brúnbakke, dweiltrochwiet reine
Einen fytse, fleane, ride – mei of sûnder sleurhut
Berchbeklimme, djipseedûke, of thús it eigen túntsje wjudzje;
Hoe’t jim de fakânsje ek fiere, in boek kin der altyd by!

Poëzij

lietfanitfjild

Piter Boersma
Liet fan it fjild – Sineeske gedichten
Hispel, Wiuwert 2014
ISBN 97890 7415 6150
Ferkeappriis € 10,00
Earder yn Ensafh en foargongers ferskynd, no by-ien brocht: klassike Sineeske gedichten, oerset yn it Frysk en fan in yngeande ynlieding foarsjoen.

stimdstik

Hein-Jaap Hilarides & Hendrik Elings (skilderijen)
Stimd Slik
Uitgeverij Louise, Grou 2014
ISBN 97894 9153 6212
Ferkeappriis € 15,00
Biltsktalige poëzij fan de bekende dichter, proazaskriuwer en muzikant, begelaat troch skilderijen fan syn streekgenoat.… Lês fierder

Gemeente Littenseradiel siket wer nei bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk

logo.ensafh

De gemeente siket foar de fjirde kear nei de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn 2014 yn Littenseradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. Hjirmei wol de gemeente Littenseradiel it brûken fan de Fryske taal stimulearje. Foar de trije bêste stikken binne der jildprizen beskikber.

Prizejild
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten om it prizejild fan € 500,00 net oan mar ien stik ta te kennen mar te ferdielen oer de trije bêste Frysktalige stikken. Boargemaster Liemburg: “Dat der de ôfrûne jierren mar ien priiswinner wie, die gjin rocht oan de oare moaie Fryske stikken dy’t ferskynd binne.”… Lês fierder

Dichter Tsead Bruinja bezoekt basisschool in Drogeham

logo.ensafh

Groep 7 van Kbs de Tarrissing in Drogeham kreeg vandaag een masterclass poëzie van dichter Tsead Bruinja.

Op de school viel de hoofdprijs van de Jan Ritskes Poëziewedstrijd voor de basisscholen. De dichter reisde speciaal voor deze les van Amsterdam naar Friesland.

Bruinja begon met het voorlezen van een paar van zijn gedichten. Na zijn eigen gedichten werd het gedicht ‘De Blauwbilgorgel’ voorgelezen en mochten de kinderen ook zelf nog een gedicht schrijven over niet bestaande grappige diersoorten.

Na afloop werd Bruinja geïnterviewd door de 16-jarige Thirza Verbunt die momenteel stage loopt bij de Keunstkrite.

De 40-jarige Bruinja werd geboren in Rinsumageest en groeide op in Kollum.… Lês fierder