Skriuwersarkje van Rink nu het hele jaar in de verhuur

logo.ensafh

It Skriuwersarkje van Rink van der Velde kan voortaan het hele jaar worden bewoond. Tresoar maakt vanmiddag de schrijvende bewoners voor dit jaar bekend. Daarnaast wil ook eigenaar It Fryske Gea het woonarkje gaan verhuren.

Tresoar biedt al voor het negende jaar schrijvers de gelegenheid om helemaal gratis gebruik te maken van het woonarkje, dat schrijver Rink van der Velde jarenlang als zomerverblijf had. Tot nu toe moesten die zes weken binnen een bepaalde periode vallen, maar nu It Fryske Gea wat aanpassingen heeft gedaan, kan het onderkomen aan het petgat het hele jaar worden bewoond.

Lês fierder by de Drachtster CourantLês fierder

07-05-14 De Moanne Live mei Hans Renner

logo.ensafh

De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit kear is te gast prof. dr. Hans Renner. Renner sil op de Moanne Live yngean op de fraach: ‘Waarom Nederlanders niet van geschiedenis houden’.

de Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa’t skerp tinkt. Opjefte graach foar 7 maaie by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl. Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge ùt nei jim komst!… Lês fierder

Nominaasjes Tamminga priis

logo.ensafh

Skriuwers Ale S. van Zandbergen, Klaas Rusticus en Sipke de Schiffart binne nominearre foar de earste Douwe Tamminga priis. Dit is in nije literêre priis foar debutanten. Dêrmei moatte jongere skriuwers oanmoedige wurde om proaza en poëzij yn it Frysk te skriuwen. It soe ek in ympuls foar de ferkeap fan Fryske boeken wêze. De nominearren binne woansdei op Omrop Fryslân radio bekend makke. De priis is yn it libben roppen troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, ûnderdiel fan Tresoar.

It prizejild, 3000 euro, komt út de neilittenskip fan Douwe Tamminga.


Boarne: Omrop Fryslân
Lês fierder

Wat is it moaiste Fryske boek?

logo.ensafh

Op it fjirde Sirkwy Sympoasium ‘Alde Meuk?’ is ûnder de oanwêzigen in enkête halden, wat neffens harren de trije bêste Fryske romans ‘fan alle tiden’ binne.

Dat symposium oer de wearde fan klassikers yn de (Fryske) literatuer wie in barren foar echte leafhawwers en dy kamen ek fan bûten de provinsje. Yn it skoft ferkocht stichting ‘Boeken fan Fryslân’ sawol werprinte klassikers as aktuele Fryske boeken.

Trije saakkundigen, Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege en Eric Hoekstra, holden in lêzing. Sy hienen earder opdracht krigen ta it skriuwen fan essees, dy’t noch bondele en útjûn wurde sille troch útjouwerij HotSum.

Oan de ein fan de middei die bliken dat de Fryske literatuer in soad moaie proaza boeken telt; mear as 60 titels waarden neamd.… Lês fierder

En wer wint André Looijenga it Frysk diktee!

logo.ensafh

It is hast net moai mear mei André Looijenga. De Fries om utens hat jûn foar de tredde kear it Frysk diktee wûn. Mei seis flaters wie er krekt better as de nûmer twa, Jan Ybema, dy’t seis en in heale flater hie. Nûmer trije waard Swaan Postma. Earste by de pommeranten waard sjoernaliste Tite Sijens.

De tekst fan it Frysk diktee is hjir te finen: link.

Boarne: It NijsLês fierder

45e Poetry International Festival Rotterdam

logo.ensafh

Van 10 tot en met 14 juni ontmoeten dichters van over de hele wereld elkaar voor de 45e keer tijdens het Poetry International Festival Rotterdam. Een nieuwe, veelzijdige golf poëzie stroomt met hun voordrachten, lezingen, interviews, maar ook in speciale programma’s en publicaties via Rotterdam het land binnen. Van de verhalende regels van Hu Xudong via de visuele gedichten van Monica Aasprong tot de fictieve werelden van Veronique Pittolo, van de machtige beelden van antoine de kom, de associatieve reeksen van Norbert Hummelt en de overvolle en overweldigende werkelijkheid van Peter Gizzi tot de overdonderende sensitiviteit van Julian Brolaski. Oren en ogen te kort.… Lês fierder

Ferhalewedstriid Tresoar

logo.ensafh

Meitsje dyn eigen ferhaal

Fertel dyn eigen ferhaal mei de Tresoar kolleksje en/of eigen bestannen. De nije webside fan Tresoar biedt in poadium foar it fertellen fan ferhalen, nim minsken mei yn dyn wrâld troch in ferhaal te skriuwen.

De kommende wiken hâldt Tresoar in ferhalewedstriid, elke wike wurde der in oantal ferhalen nominearre en oan de hân fan stimmen sil der in winner fan de wike bekend makke wurde. Troch middel fan in poll kinsto ta beslút stimme op it ‘Ferhaal fan de Wike’. Dit winnende ferhaal wurdt dêrnei útljochte op ús thússide; as wy tsien moaie winners fan de wike sammele hawwe, bondelje wy de ferhalen meie​lkoar yn in moai oantinken.… Lês fierder