Rely Jorritsma Fûns-priisfraach

logo.ensafh

Kinne jo fraaie Fryske ferhalen of fersen skriuwe? Doch dan mei oan de Rely Jorritsma Fûns priisfraach. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.

Rely Jorritsma fûns

jorritsmaYn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Sûnt 1952 wurdt syn winsk noch hieltiten útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmje it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. By de fyftichste jierdei fan de Rely Jorritsma-priis waard der ek in priis foar jongerein ynsteld, de Junior Rely.… Lês fierder

Junior Rely Jorritsma priisfraach

logo.ensafh

Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto moaie Fryske ferhalen, gedichten of songteksten skriuwe? Doch dan oan de Junior Rely mei. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.

Wat binne de spulregels foar de Junior Rely?

  • Skriuw in ferhaal of in gedicht of songtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, science fiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten! Uteraard hast de tekst hielendal sels betocht en skreaun.
  • Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere;
  • Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
  • Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-achtergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne.
Lês fierder

Lexicologen krijgen 7 ton voor Europees netwerk

logo.ensafh

Het Instituut voor Nederlandse Lexicologie (INL) en de Fryske Akademy hebben samen met partners uit 28 andere Europese landen een bedrag van ruim 700.000 euro ontvangen. Het geld is afkomstig van COST (European Cooperation in Science and Technology), een organisatie die wetenschappelijke samenwerking in Europa stimuleert, en is bedoeld om een Europees netwerk voor lexicologen op te zetten. Dat netwerk moet de zichtbaarheid, de toegankelijkheid en het gebruik van de Europese nationale woordenboeken vergroten.

Dit gebeurt onder meer door het opzetten van een Europees woordenboekportaal, het vaststellen van standaarden voor het digitaliseren van papieren woordenboeken, het ontwikkelen van nieuwe technieken binnen de lexicografie en het onderzoeken van de raakvlakken tussen de Europese talen.… Lês fierder

Oprop FeRstival 2014

logo.ensafh

FeRstival 2014

Bêste dichters / skriuwers
It FeRstival – de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortsetûnderwiis – stiet yn it lange tradysje en belibbet fan’t jier de 72ste edysje. Op ‘e nij sil dit jier in 150-tal pubers it toaniel opstappe om in gedicht foar te dragen!
Fryske skriuwers/dichters hawwe altyd wichtige pylders west fan it FeRstival, om’t dy spesjaal gedichten makken dy’t gaadlik wiene om foar te dragen. Sûnder har krewearjen hie der noait genôch oanbod west foar de leeftyd 12 – 18.
Dus, sa as alle jierren doch ik it fersyk om (in) fers(en) te leverjen foar it FeRstival.… Lês fierder

Nij stik Aldfrysk weromfûn

logo.ensafh

Undersiker Han Nijdam fan de Fryske Akademy yn Ljouwert hat in nij stik Aldfrysk fûn. It giet om in fragmint út de ferlerne Codex Unia út 1485. Nijdam fûn de tekst werom yn in boek fan de 16e-ieuske skiednisskriuwer Simon Abbes Gabbema. Gabbema hie de fragminten Aldfrysk yn de kantline skreaun fan in boek. It weromfûne fragmint giet oer de keningen Karel en Redbad.

De Codex Unia is sa wichtich, omdat it in byld jout fan it Frysk sa’t dat praat waard yn de tolfde ieu. De oare âldste Fryske teksten stamme pas fan ein fyftjinde ieu.

It nije weromfûne fragmint is te ek beharkjen op de app Vogala.… Lês fierder

Frysktalige skriuwwedstriid gemeente Achtkarspelen

logo.ensafh

De gemeente Achtkarspelen skriuwt in Frysktalige skriuwwedstriid út ynspirearre op de folksferhalen. Dit is ien fan de aktiviteiten út de ‘Nota Frysk taalbelied’ dy’t de gemeenteried it ôfrûne jier fêststeld hat. Hjirneist is it dit jier 100 jier lyn dat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar berne is. Jaarsma hat begjin jierren sechtich in hiel soad folksferhalen sammele, ek yn de gemeente Achtkarspelen. In moaie oanlieding om de ferhalewedstriid yn 2014 út te skriuwen.

Ynwenners út Achtkarspelen kinne oant en mei 31 maaie 2014 harren Frysktalich ferhaal by de gemeente ynleverje. De skriuwer hat it ferhaal heard fan in ynwenner út Achtkarspelen, bygelyks heit, mem, pake, beppe, bern, bernsbern, buorman of freon.… Lês fierder