23-05-14 Literêre bustocht troch it gea fan Dam Jaarsma

logo.ensafh

Op freed 23 maaie om 9.30 begjint by Tresoar de Literêre Bustocht troch it gea fan Dam Jaarsma. Meiwurkers binne ûnder oaren Marianne van Zuijlen (Meertens Instituut) en ferhaleferteller Douwe Kootstra. Der wurdt ek hohâlden by de pleats fan omkesizzer Auke de Jong yn Eastermar, dy’t ien en oar sjen litte sil fan foarwerpen en folkskeunst dy’t Jaarsma sammele.
Oan de ein komt de tocht út yn Theater Meerzigt yn Eastermar, dêr’t de dielnimmers de presintaasje bywenje fan it ferhaleboek Mearkes út ‘e Wâlden fan Dam Jaarsma; dy begjint om healwei fjouweren. Nei ôfrin rydt de bus werom nei Ljouwert.

Kaarten foar de bustocht: €48,–, ynklusyf kofje en lunch ûnderweis.­… Lês fierder

K. Schippers skinkt oan Dr8888

logo.ensafh

Museum Dr8888 krijt it folsleine Dada-argyf fan skriuwer en dichter K. Schippers, sa meldt de NOS. It giet dan bygelyks om brieven en foto’s oer de Nederlânske Dada-keunstners. It museum yn Drachten kin mei de nije stikken har kolleksje oer avant-garde keunst út de foarige ieu in stik útwreidzje. Dadaïsme is in ynternasjonale keunststreaming út de tiid fan de Earste Wrâldkriich. Museum Drachten wol de stikken digitaal beskikber meitsje sadat it materiaal oeral op de wrâld besjoen wurde kin.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Tresoar as wittenskipsbyb

logo.ensafh

Alle wittenskiplike bibleteken fan Fryslân moatte yn de takomst te finen wêze by Tresoar yn Ljouwert. As it net fysyk is, dan yn alle gefallen digitaal. En sa moat Tresoar útgroeie ta in echte universiteitsbibleteek fan Fryslân. Dat sei direkteur Bert Looper woansdei by de offisjele oerdracht fan in part fan de bibleteek fan de Fryske Akademy.

Sa’n 200 meter oan boeken ferhuzet nei Tresoar om romte te meitsjen foar de kommende ferbouwing yn maaie. De boeken krije no plak by Tresoar om sa better tangonklik te wêzen.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Tresoar nimt boeken Fryske Akademy oer

logo.ensafh

De Fryske Akademy yn Ljouwert docht syn boeken fan ‘e hân. 200 strekkende meter wittenskiplike boeken geane nei oerbuorman Tresoar. Dêr binne de eardere Provinsjale Bibleteek en noch ferskate oare spesjalisearre Fryske bibleteken yn ûnderbrocht. Direkteur Bert Looper is wiis mei de Akademy-kolleksje. It wurdt no makliker foar ûndersikers en studinten om de boeken yn te sjen. Tresoar wurdt fierders fersterke as wittenskiplike bibleteek fan Fryslân.

De Fryske Akademy dielt hieltyd mear taken mei oare ynstituten oan ‘e Grienewei. De Afûk hat de boekhannel fan ‘e Akademy in pear jier ferlyn al oernommen.

Boarne: It NijsLês fierder

30-03-14 Nieuw Atlantis’ So Wad?

logo.ensafh

Nieuw Atlantis’ So Wad? Jazz en poëzie gaat voor het eerst on tour. Op 30 maart is het nieuwe concept waarbij musici jazzthema’s improviseren op gedichten en dichters een gedicht schrijven op een jazzthema, voor het eerst in Harlingen. Het Nieuw Atlantis Trio – deze keer bestaand uit Bob Driessen op saxen, Oeds Bouwsma op contrabas en Ruben Mulder op piano – speelt dan met de dichters Sytse Jansma, Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper. Musici voor wie taal als muziek in de oren klinkt. En dichters die als geen ander jazzy schrijven en performen.

1509061_10201683926607942_1197912970_nLês fierder

Voormalige boekhandel De Tille heet nu ook Van der Velde

logo.ensafh

De failliete Polare boekwinkel in Leeuwarden wordt definitief overgenomen door het Kwaliteitsboekhandelaren Collectief.

Over de overname en doorstart van de vestiging is overeenstemming bereikt met de curator.

Het collectief bestaat uit verschillende boekhandelaren en is opgericht door onder anderen Ad Peek, eigenaar van de boekhandel Van der Velde in Leeuwarden (Nieuwestad) en Groningen.

Zes winkels van het failliete Polare in Nederland zijn door de overname gered. Over de vestigingen in Den Haag, Leiden, Nijmegen en Utrecht wordt nog gesproken.

De overgenomen boekhandels, waaronder de voormalige De Tille aan het Ruiterskwartier, gaan een paar dagen dicht, om nieuwe afspraken met leveranciers te maken.… Lês fierder

Boeken mei leafde

logo.ensafh

Wa lêst noch Fryske boeken? De groep Frysk-lêzers wurdt hieltyd âlder – en lytser. De provinsje Fryslân stipet de útjefte fan boeken, omdat literatuer in belangrike drager is fan de Fryske taal en kultuer. Mar de Fryske skriuwers fine dat der te min dien wurdt: sy wolle dat de ‘Sutelaksje’ weromkomt. Dy tradysje, dêr’t frijwilligers mei kroadfollen boeken by de doarren lâns giene, is fiif jier lyn ôfskaft. De skriuwers hawwe dêrom no séls de kroaden mar oppakt, om harren boeken oan de man te bringen.

fryslân docYn de dokumintêre ‘Boeken mei leafde’ in ferslach fan dizze aksjedei en petearen mei boekhannelers en útjouwers oer de weromrinnende boekeferkeap.… Lês fierder