Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

logo.ensafh

Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

Tresoar lânsearret hjoed op Wrâld Ferteldei in nije webside én in ferhalewedstriid. It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum beheart in skat oan Fryske skiedkundige ynformaasje. Fia de nije webside www.tresoar.nl is it mooglik om allinne of mei syn beiden in ferhaal te meitsjen en te presintearjen. De bêste tsien ferhalen dy’t de kommende tsien wike op de webside ferskine, wurde bondele yn in unyk boekje.
Besikers fan de webside krije tagong ta de brede kolleksje fan Tresoar. De webside helpt minsken om ferhalen te ûntdekken, te ûndersykjen én sels te fertellen. Bygelyks oer in bysûndere famyljeskiednis, in bysûnder plak of in opmerklik foarfal.… Lês fierder

04-04-14 Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

logo.ensafh

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, beanammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke.… Lês fierder

28-03-14 premiêre Sykje om Suske

logo.ensafh

Toanielferiening De Takomst Húns/Leons pakt út mei Sykje om Suske
Sykje om Suske is in blijspul en famyljefoarstelling fan Hans Brans (oersetting Lolkje Hoekstra) mei in protte humor, fantasy en muzyk. It giet oer in aparte húshâlding dêr’t elk syn eigen dreamen hat. Rozemarijn Strubbe docht dit jier de rezjy. Sy folget de rezjy oplieding by FRATS en studearret mei dit stik yn Húns ôf.

Suske dreamt fan in suske en giet der op út om har te finen. Underweis komt se ferskate nuveraardige personaazjes tsjin. Dat se net ferdwaalt, tanket se oan de sjaal dy’t beppe oan it breidzjen is.… Lês fierder

29-03-14 Presintaasje ‘The Croack’

logo.ensafh

presentatie ‘The Croack’ in Boekhandel van de Velde, 29 maart 2014

Geachte redactie,

Op 29 maart aanstaande presenteert uitgeverij Perio, een kleine uitgeverij van bijzondere boekjes, ‘The Croack’. The Croack is een stripverhaal, geschreven en getekend door de Deen Ole Lindquist. Ole was aan het eind van de jaren zestig van de vorige eeuw een opvallende verschijning in de Deense hoofdstad Kopenhagen. Samen met zijn uitgever Otto Sigvaldi verkocht hij vanuit een kinderwagen zijn komische strips. Ole was de ultieme Deense hippie. Bont uitgedost, wars van conventies. Willem Winters van uitgeverij Perio legde de hand op een totaal stukgelezen exemplaar van The Croack en besloot het opnieuw uit te geven, nu in Nederland.… Lês fierder

Utjouwers sizze meiwurking ta

logo.ensafh

Gjin nijs is goed nijs’. Dat wol net sizze dat oft der al nijs is dat dan min nijs is. Der komt al wat tekening yn ús plannen, sawat ienkear yn de fjouwer wike ha wy ‘live’-gearkomste en dêr tuskentroch fine mannich digitale petearen en oarsoartige foarmen fan oerlis plak.

Underwilens kinne wy meidiele dat alle útjouwers tasein hawwe boeken yn konsynjaasje te leverjen ûnder foar ús geunstige kondysjes. En ek dat der al kontakten binne yn sa’n tsien doarpen om yn en om septimber hinne te suteljen, yn it iene plak is alles fierhinne rûn, yn it oare plak binne se krekt los.… Lês fierder