De 90ste Algemiene Gearkomste (AG) fan “It Frysk Boun om Utens” is op sneon 5 april 2014 yn de skoalle tsjinoer it Torenlaantheater, Torenlaan 38, 3701VK yn Seist (030-6924310)
Hjir kinne jimme It Lyts Ambyld foar de AG ynsjen as dellade.
De 90ste Algemiene Gearkomste (AG) fan “It Frysk Boun om Utens” is op sneon 5 april 2014 yn de skoalle tsjinoer it Torenlaantheater, Torenlaan 38, 3701VK yn Seist (030-6924310)
Hjir kinne jimme It Lyts Ambyld foar de AG ynsjen as dellade.
De app Vogala, die oude Nederlandse en Friese teksten tot leven wekt, is er nu ook voor Android. Daarnaast is er nu een webversie beschikbaar, zodat Vogala toegankelijk is op de computer en het digibord.
Sjoch foar mear ynfo by de Universiteit fan Utrecht… Lês fierder
De Fryske dichteresse Tsjits Peanstra is freed stoarn. Dat is snein bekend wurden. Peanstra dichte yn har begjinjierren foaral oer it heitelân en oer buorkjen. Letter ferskode dat mear nei leafdespoëzy. Se skreau ek ferhalen en toanielstikken.
Peanstra debutearre yn 1955. Se wûn fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Tsjits Peanstra is 89 jier wurden.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder
Het tweede deel van het So Wad? Verhaalpodium. Op het eerste verhaalpodium werden verhalen over wind en storm aan de Waddenkust door verhalenvertellers uit Pingjum en omstreken verteld. De Friese schrijfster Greet Andringa voegt deze verhalen samen tot één spannend verhaal, dat ze op 7 maart op Waddenwyn voorleest. Het waren angstaanjagende verhalen bijvoorbeeld over de brand die een boerderij in as legde. Maar ook tragikomische verhalen over oude mensen die in Harlingen naar de kraak in de kerk vluchtten uit angst voor hoog water en die men vergat te waarschuwen toen de storm ging liggen.
Foar mear ynfo: nieuwatlantis.com… Lês fierder
Woansdei 16 april wurdt de finale fan it tolfde Grut Frysk Diktee hâlden. It evenemint fynt lykas wenst plak yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tekstskriuwer en foarlêzer is dit jier Omrop Fryslânpresintatrise Karen Bies. Oaninoar of los, Haadletter of net, û of oe, f of v, streekje of gjin streekje, hjerring of hearring, frjemde of âlde wurden? Karen sil de dielnimmers útdaagje om op har iepenst te wêzen foar dat soarte fan tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering.
Meidwaan oan de finale
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it Grut Frysk Diktee?… Lês fierder
It minstearje fan Underwiis hat de Keninklik Nederlânske Akademy fan Wittenskippen nochris dúdlik te ferstean jûn dat oan de bân mei de Fryske Akademy net mear oan toarn wurde mei.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Ate Grypstra nimt nije wike ôfskied as gemeentlik dichter fan Achtkarspelen. Grypstra docht dat mei de presintaasje fan in bondel mei gedichten dy’t er sûnt 2012 makke hat by eveneminten yn de gemeente. Grypstra is de twadde gemeentlik dichter fan Achtkarspelen.
By syn ôfskied wurdt ek bekend makke wa’t him opfolget.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder