It Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies is de earste útjefte mei in systematysk oersjoch fan it Frysk fan ‘e runetiid ôf, oant de tiid fan it Frysk as Europeeske minderheidstaal.
Spearpunten yn it boek binne de West-, East- en Noard-Fryske dialekten yn Nederlân en Dútslân, standert West-Frysk, de skiednis fan de Fryske talen en literatuer en Aldfrysk yn ‘e Midsieuwen.
Ynliedende artikels jouwe in detaillearre oersjoch fan ‘e hjoeddeiske ynstituten en aktiviteiten op it mêd fan taalûndersyk en -ûnderhâld.
It Handbuch/Handbook mei 79 artikels skreaun troch 45 auteurs stribbet dernei om wiidfiemjende ynformaasje te jaan, wylst tagelyk wichtige ynformaasje foar oanswettende disciplines jûn wurdt.… Lês fierder

