17 jannewaris nijjierssit mei as tema de ferkeap fan Fryske boeken
Utnoeging foar de nijjierssit fan It Skriuwersboun op
freed 17 jannewaris 2014 fan 20.00 oere ôf
yn Kafee Wouters, Sophialeane 5, Ljouwert (foar it Sintraal Stasjon oer)
Tema: De ferkeap fan Fryske boeken
Nei in koarte nijjierstaspraak fan waarnimmend foarsitter Tryntsje van der Veer sille Bert-René Luimstra (fan de nije Utjouwerij Regaad te Grins) en Piter Boersma (fan Boeken fan Fryslân) op ’e tekst oer hoe’t de ferkeap fan it Fryske boek rint – of rinne moatte soe. Hoe ferhâldt it oanbod him ta de fraach? Hoe berikke wy besteande en nije lêzers?… Lês fierder