400 boektitels op Sirkwy

logo.ensafh

Juster is it 400ste boekprofyl op Sirkwy pleatst. In boekprofyl is in soarte fan digitale flaptekst mei links nei fierdere ynformaasje oer de titel. Dêrmei is it meastepart fan it Frysk literêr proaza fan 2000 en letter werom te finen op Sirkwy.

Ynhâld
De ynhâld fan Sirkwy is op te dielen yn rûchwei fjouwer skiften: artikels oer literêre ûnderwerpen; nijsartikels ynklusyf aginda-ynformaasje; de digitale bibleteek; reaksjes fan brûkers fan de site.
By de artikels binne de wichtichste ûnderdielen de kategoryen ‘biografyen’ en ‘boeken’.
De kategory ‘boeken’ binne de boekprofilen. Nêst dy 400 boekprofilen binne der ek goed 260 biografyske sketsen opnommen (Frysktalige).… Lês fierder

Webstek Edwin de Groot yn ‘e loft

logo.ensafh

‘Op dizze webstek komme taal en bylden byinoar. Somtiden is in wurd al in byld op himsels, of ropt in byld in wurd op, in emoasje. Dat is moai. Mar yn myn dichtsjen, dat troch oaren al as tige byldzjend omskreaun wurdt, bekrûpt it my wolris dat der kâns fan in ekstra diminsje is mei it oanheakjen fan bylden. Hoe ’t sa’n diminsje dan belibbe wurde kin, lit ik oan ‘e lêzer, de sjogger. Dêr kin en wol ik net yn stjoere.

By myn foardrachten ha ‘k al wat eksperimintearre mei in mear multimediale oanpak en ha ’k fernommen dat it wat docht.… Lês fierder

22-12-13 Krystkonsert Sânman en Sikke mei Anne Feddema

logo.ensafh

Zanggroep ‘Sânman en Sikke’ en verteller Anne Feddema geven een kerstconcert op zondag 22 december in de Martinikerk in Koudum. De aanvang is 15.00 uur.

Sânman en Sikke, de zanggroep met zeven mannen uit de Friese Zuid-Westhoek, zingt evergreens en karakteristieke muziek die de herinnering prikkelt. Zo worden er veel vrije a capella songs ten gehore gebracht. Ook begeleidt de groep zichzelf met accordeon en gitaar. Voor Friestalige nummers putten ze uit het repertoire van Friese dichters.

In het concert werkt Sânman en Sikke samen met de Friese dichter, schrijver en beeldend kunstenaar Anne Feddema die het publiek met zijn intrigerende en veelal humoristische gedichten en verhalen, de nodige stof tot nadenken weet mee te geven.… Lês fierder

Achtkarspelen wint taalpriis

logo.ensafh

Mei it idee foar in Frysktalige skriuwwedstriid ynspirearre op folksferhalen wint de gemeente Achtkarspelen de Taalbeliedpriis 2013. De priis bestiet út in jildbedrach fan 2500 euro bestimd foar it útfieren fan it plan.

Neffens de sjuery fertsjinnet de gemeente Achtkarspelen de priis, omdat it plan goed útwurke en hiel konkreet is. It draacht by oan it mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk, mar ek oan it Frysk kultureel erfguod. De taalbeliedspriis is in inisjatyf fan Gemeenten&Frysk en de Afûk.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Sutelaksje komt definityf werom

logo.ensafh

De nije Stifting Tsjil makket takom jier in begjin mei de opset fan in nije, grutskalige Sutelaksje. Tsjil giet yn earste ynstânsje út fan in Sutelaksje op tsien lokaasjes yn septimber 2014. Op dy plakken wurde dan doar oan doar Fryske boeken ferkocht. Tagelyk mei dy aksje set Tsjil yn op in provinsjale ferkeapaksje.

In proef yn novimber yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum wie neffens de ynisjatyfnimmers mei troch de ynset en belutsenheid fan tsientallen frijwilligers en skriuwers in súkses. De omset (hast €5000 yn krekt wat mear as trije oeren tiid) wie sels in stik heger as de meast resinte opbringsten fan de âlde Sutelaksje.… Lês fierder