Groslist Douwe Tammingapriis 2014

logo.ensafh

Hjirûnder de groslist fan debuten dy’t yn de beneaming komme foar de Douwe Tammingapriis 2014.
It reglemint fan de priis bepaalt dat in útjouwer om meidwaan te kinnen fjouwer eksimplaren fan in nominearre boek beskikber stelt foar de sjuery en de Stifting FLMD.
It reglemint bepaalt ek dat útjouwers (foar in stelde datum) sels titels oandrage kinne by de Stifting FLMD as se fan betinken binne dat dy yn de beneaming komme foar de priis en net neamd binne op de groslist dy’t Tresoar opmakket.
It leit yn de bedoeling dat de sjuery fjirtjin dagen foar de priisútrikking mei in shortlist fan trije titels komt.… Lês fierder

Samle wurk Tsjêbbe Hettinga op komst

logo.ensafh

Liefhebbers van Friese literatuur kunnen een verzameld werk van de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga tegemoet zien. Tsjêbbe Hettinga ontving vrijdagmiddag 6 december postuum de Friese Anjer van het Prins Bernhard Cultuurfonds. De prijs bestaat uit een broche, een oorkonde en een geldbedrag van 2.500,- euro. Commissaris van de Koning John Jorritsma reikte de prijs uit aan Hettinga’s zoon en dochter. Die lieten weten het geld graag beschikbaar te stellen om het verzameld werk mede mogelijk te maken.

De Friese Anjer gaat jaarlijks naar een persoon, vereniging of instelling die zich bijzonder heeft ingezet voor de Friese cultuur of natuur. De in maart 2013 overleden Tsjêbbe Hettinga ontvangt de prijs voor de bijdrage die hij, met de Friese taal als inspiratiebron, leverde aan de dichtkunst binnen en buiten Fryslân.… Lês fierder

Ynferno fan Dan Brown yn it Frysk te keap

logo.ensafh

Robert Langdon, heechlearaar keunstskiednis en symbolyk, wurdt op in nacht wekker yn in sikehûs yn Florence sûnder te witten hoe’t er dêr telâne kaam is. Holpen troch in stoïsynske jonge frou, Sienna Brooks, flechtet Langdon en bedarret er yn in dûzeljend aventoer. Langdon komt derachter dat er yn it besit is fan in tal ûntrêstigjende koades, makke troch in briljante wittenskipper; in sjeny dat obsedearre is troch de ein fan ’e wrâld en it tjustere masterwurk Ynferno fan Dante Alighieri.

De striid tsjin dizze mysterieuze fijân bringt harren nei tiidleaze lokaasjes as it Palazzo Vecchio, de Boboli-tunen en de Duomo, en Langdon en Brooks stjitte op in netwurk fan ferburgen trochgongen en ieuwenâlde geheimen…

Yn syn fenomenale bestsellers De Da Vinci Code, Het Bernini Mysterie en Het Verloren Symbool kombinearre Dan Brown op masterlike wize skiednis, keunst, koades en symboalen mei in razend spannend ferhaal.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – okt-nov 2013

logo.ensafh

Sinteklaas hoegde dit jier net lang nei te tinken
Oer moaie kado’s om de Ensafh-lêzers te skinken.
In boek fansels, da’s altiten goed,
Wier Piterbaas, ha mar gjin noed!
Yn’t Frysk en oer Fryslân wurdt in hiel soad skreaun,
Foar elk is der wol wat, ’t is net oerdreaun;
Oer sport en oer iten, foar jong en foar âld,
Oer oarloch en leafde, en de foarbije wrâld,
Heldedichten of mearkes foar bern,
It hâldt echt net op, moatst mar ris sjen!
Sint winsket elkenien in soad lêswille ta,
En hopet dat jim oar jier noch mear nije boeken ha!

Poëzij

Harke Bremer & Jarich Hoekstra
Leffert – In heldedicht yn tolve sangen

Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3052 (144 siden)
Ferkeappriis € 15,00

leffert

Begjin 8ste ieu.… Lês fierder