Trêde FeddeSchurerlêzing

logo.ensafh

Op sneon 16 novimber (de datum fan Kneppelfreed) is de trêde Schurerlêzing fersoarge troch Sybren Singelsma. Singelsma is berne yn Ljouwert en soan fan Jan Bearn Singelsma, it earste FNP-steatelid yn de 70-er jierren. Singelsma hat direkteur Europeeske Saken west by de Internasjonale Feriening fan Gemeenten yn Brussel. No hat hy in liedingjaande funksje by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Net wer sutelaksje Frysk Boek

logo.ensafh

De sutelaksje fan Frysktalige boeken komt net wer werom. Dat seit Piter Boersma, foarsitter fan de stifting Boeken fan Fryslân. Ofrûne wykein waard troch in groep Fryske skriuwers en frijwilligers foar goed 4000 euro oan boeken ferkocht yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It wie in protestaksje fan de skriuwers tsjin it ôfskaffen fan de sutelaksje. Yn 2009 gongen frijwilligers foar it lêst seis wike lang mei kroaden fol Fryske boeken by de huzen del. Sûnt dy tiid is de ferkeap fan Fryske boeken achterút gien.

De aksje fan de skriuwers fynt Boersma ‘in moai inisjatyf’ mar neffens him soene oare ferkeapwizen, lykas it promoatsjen fan Fryske boeken op skoallen en de ferkeap op merken it Fryske boek úteinlik better helpe.… Lês fierder

Fryske Anjer foar Tsjêbbe Hettinga

logo.ensafh

De Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân giet dit jier postúm nei de yn maart ferstoarne dichter en sjonger Tsjêbbe Hettinga. Dat hat de provinsje witte litten. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma rikt de Fryske Anjer op 6 desimber út oan de soan en dochter fan Hettinga.

De Fryske Anjer giet alle jierren nei in persoan, feriening of ynstelling dy’t him ynsetten hat foar de Fryske kultuer. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en 2500 euro.

Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder

Rients Gratama wint Fedde en Martha Bergsma Priis

logo.ensafh

Rients Gratama krijt de Fedde en Martha Bergsma Priis 2013 foar syn stik ‘Eintsje Libben’. It stik giet oer twa âlde mannen dy’t harren ferhaal oan in jong famke fertelle. It binne ferhalen oer de oarloch, oer wat se fergetten binne en wat se ferlern hawwe. De Fedde en Martha Bergsma Priis 2013 sil op sneon 14 desimber yn it ‘Huis voor Amateurkunst’ yn Ljouwert útrikt wurde. Oan de priis is in bedrach fan € 500,– ferbûn. De ynstjoerde toanielstikken waarden hifke troch in saakkundige sjuery mei Bouke Oldenhof, Tatiana Pratley en Grytha Visser. Bouke Oldenhof wie de winner fan de foarige Fedde en Martha Bergsma Priis.… Lês fierder

Schrijvers en lezers smeken om terugkeer sutelaksje

logo.ensafh

De Sutelaksje van Friese schrijvers heeft 4500 euro opgeleverd. De Friese schrijvers kwamen in actie om aandacht te vragen voor de verkoop van het Friese boek.

Een paar jaar geleden werd de Sutelaksje afgeschaft omdat de opbrengst van twee ton te weinig zou zijn.

De actie van zaterdag begon als een wilde actie op Facebook. Schrijvers, lezers en anderen discussieerden over de vraag hoe anno 2013 Friestalige boeken en boeken over Fryslân nog aan de man kunnen worden gebracht. Romanschrijver Ferdinand de Jong uit Boornbergum . ,,Sutelje is noch altyd de meast effektive wize om boeken oan de man te krijen.”… Lês fierder

Fryske Skriuwers sutelje boeken út

logo.ensafh

In groep fan goed tweintich Fryske skriuwers plus frijwilligers hat sneontemoarn hûs-oan-hûs Frystalige boeken ferkocht yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. De ferkeap fan Fryske boeken yn winkels is net mear wat it west hat. Fryske boeken binne dreech te krijen yn boekwinkels. Boppedat hat it ferdwinen fan de jierlikse offisjele Sutelaksje in negatyf effekt op de ferkeap. In oprop op Facebook brocht de groep Fryske skriuwers byelkoar. Sa is de eigen sutelaksje in feit wurden.
 
 De ferkeap fan Fryske boeken yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum hat sneon goed fjouwertûzen euro opsmiten.
 
 Boarne: Omrop Fryslân
 
 
 … Lês fierder

30-11-11 ‘De smearlappen’ yntegraal foarlêzen

logo.ensafh

Friese literaire rel herdacht

Anne Wadmans ‘De smearlappen’ integraal voorgelezen

Op 30 november wordt, in een schuit bij cafe ‘Yn’e Iel-Aak’ in Gaastmeer, ‘De smearlappen’ van Anne Wadman integraal voorgelezen, van half drie tot ongeveer half zes. De toegang is gratis.

Vijftig jaar geleden verscheen de roman ‘De smearlappen’ van de Friese schrijver en criticus Anne Wadman (1919-1997). Een openhartige bekentenis van een jonge boerendochter, die van een grootser leven droomt, maar vast zit aan de boerderij en aan haar door genealogie geobsedeerde vader.

Doordat er voor die tijd vrij openlijk over seks werd geschreven, zorgde het boek voor ophef. Lezers vonden het obsceen en pornografisch en het regende ingezonden stukken.… Lês fierder