Dichter Smink lofpriizge

logo.ensafh

Jacobus Q. Smink hat sneontemiddei yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis krigen. Yn de Martinitsjerke rikte deputearre Jannewietske de Vries de priis út oan de dichter. Hy kriget de belangrykste provinsjale literêre priis foar syn bondel Sondelfal. Om it belang fan dizze twajierlikse priis fan Fryslân te ûnderstreekjen is it prizejild ferdûbele nei tsientûzen euro. Dit jier hie de sjuery foar it earst in tal bondels nominearre foar de priis.

Lês fierder by It NijsLês fierder

20-10-13 Diet Huberfeest

logo.ensafh

Diet Huber wie in dûbeltalint, se makke ferskes yn it Frysk en yn it Nederlânsk en yllustrearre se sels. Diet wie boartlik en linich fan geast en makke de prachtichste ferhaaltsjes op rym.Wa hat noch nea heard fan Tutte mei de linten? Of De biezem en de bjinder? De walfisk en de prom? It karke fan bakker Harke? Klaas Krintsje?

Op 17 oktober soe se 90 jier wurden wêze en har jierdei wurdt postúm fierd yn Wier mei it foardragen fan har gedichten troch jong en âld. De jongste is 7 jier, de âldste hat de 70 al achter him litten.… Lês fierder

Ynteresse Frysk op Buchmesse

logo.ensafh

Op de Frankfurter Buchmesse hawwe bûtenlânske útjouwers ynteresse toand foar oersettings fan Fryske boeken. Dat seit letterkundige Alpita de Jong. Sy hat yn opdracht fan de provinsje en it Nederlands Letterenfonds tsien Fryske boeken útsocht foar de beurs dy’t op ’t heden holden wurdt. It doel is om de Fryske literatuer te eksportearjen troch bûtenlânske útjouwers te finen dy’t in Frysk boek yn oersetting útjaan wolle.

It Frysk hat yn ferhâlding in lyts lêzerspublyk. Oersettings yn Dútsk of Ingelsk soene in grutte stimulâns wêze.

Boarne: Omrop Fryslân
Lês fierder

12-10-13 Boekemerk yn Drachten

logo.ensafh

As ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek organisearret de stichting Boeken fan Fryslân op sneon 12 oktober fan 11.00 oere ôf oant 17.00 oere de boekemerk yn Drachten op it Frânske Pleintsje (Noarderbuert). Alle útjouwers yn Fryslân presintearje dêr harren nijste romans, berneboeken, non-fiksjeboeken ensafh. Neist de nije útjeften is der ek wer in ferskaat oan oprommingsboeken.

Fierders hawwe jo de gelegenheid om yn kontakt te kommen mei jo favorite auteur. Skriuwers as
Ferdinand de Jong, Rommert Tjeerdsma, Auke Zeldenrust, Marga Claus, Auck Peanstra, Baukje Wytsma, Elske Schotanus, Hilda Talsma, Tineke de Jager-van der Zee, Sipke de Schiffart, Eric Hoekstra, Jan Schokker, Geart Tigchelaar ensafh.… Lês fierder

Op de Praatstoel

logo.ensafh

In het Bowlingcentrum Dokkum is zaterdag het tweede deel van ‘Op de Praatstoel’ verschenen. In het boek zijn historische verhalen gebundeld over het dagelijks leven van de gewone man in Noordoost Friesland.
Acht interviewers zijn vier jaar lang op pad geweest om oudere bewoners in Noordoost Friesland te interviewen. Dat leverde voor ‘Op de Praatstoel 2′, ruim vierhonderd pagina’s met 31 verhalen op. In het eerste deel kwamen de verhalen vooral uit Dongeradeel, het werkgebied is voor deze editie echter uitgebreid naar Kollumerland en Dantumadeel.
De interviewers spraken onder andere met Meindert Meindersma, karrider te Mitselwier, Andries Meinema, doodgraver te Nes en Former Idsardi, boer op Uilsmahorn te Holwerd.… Lês fierder

Yntegrale teksten presintaasje ’10 Books from Friesland’

logo.ensafh

Yn 2016 wurdt der op ’en nij in brosjuere 10 Books from Friesland útbrocht mei it each op de Frankfurter Buchmesse; yn 2014 en 2015 sil beide jierren ien Fryske titel meinommen wurde yn de algemiene promoasje. Op dy wize wurkje Provinsje en Letterefûns oan in langere termyn strategy om Fryske literatuer de grinzen oer te bringen.
Greetje Heemskerk, haad auteursbelied by it Letterefûns, fertelde dat ôfrûne freed oan de ca. fyftich oanwêzigen by de presintaasje fan de brosjeure 10 Books from Friesland yn Tresoar.
Alpita de Jong stalde de brosjeure gear foar de Buchmesse fan 2013. Yn har bydrage lei se út dat de ferwûndering har útgongspunt west hie.… Lês fierder