Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – septimber 2013

logo.ensafh

Nei in prachtige lêzerssimmer belooft it in hearlike lêzershjerst te wurden. Nei it lege tempo fan de smûke simmerdagen komt yn septimber it libben wer op gong en gûnzet en sûzet it fan de nije útjeften en aktiviteiten. De list mei nije farske boeken is wer lang, de list mei bjusterbaarlike barrens foar de kommende tiid docht dêr wier net foar ûnder. Nei it feest fan de UITmarkt kaam it feest fan de Kulturele Haadstêd 2018 ynearsten ta in hichtepunt, mar wy sette fuort troch mei it feest fan it Frysk Museum en it feest fan it Fryske Boek, letteroan folge troch it it grutte Ensafheest op 4 oktober, it feest fan Gysbert Japicx en it feest fan ’e Frankfurter Buchmesse.… Lês fierder

Stipe EU foar Lytse Talen

logo.ensafh

It Europeesk Parlemint yn Straatsburch hat hjoed woansdei mei grutte mearderheid foar it rapport Alfonsi oer ‘bedrige talen’ stimd. 645 Europarlemintariërs stimden foar mear maatregels om lytsere talen as it Frysk, it Baskysk en it Korsikaansk te stypjen. Mar 26 fan de 700 Europarlemintariërs stimden tsjin. Yn de EU wurde neffens it rapport mei-inoar sa’n 46 bedrige talen sprutsen. Dy soene neffens it rapport mear stipe krije moatte op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, media en digitale inisjativen.

Boarne: Omrop Fryslân
Lês fierder

Sjueryferslach oersetwedstriid: Baukje Zijlstra wint

logo.ensafh

Sjueryferslach oersetwedstriid
De Bres, Ljouwert
10 septimber 2013

Anne Popkema

Ien fan de aksjes om de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 2013 ekstra omtinken te jaan, wie it útskriuwen fan in oersetwedstriid. Fan eltse nominearre bondel, útsein dy fan Tsjêbbe Hettinga, is in gedicht selektearre. Dy gedichten binne op de literatuersite Sirkwy.nl set en dêrnei ek oerset yn it Ingelsk. Dêrnei hat Tresoar de lapen gearsmiten mei de Grinzer stúdzje Frysk – of men moat no sizze Minorities and Multilingualism – en it publyk útdage om Nederlânske oersettings te meitsjen. Doeke Sijens, Maaike Andringa en iksels binne frege om de ynstjoerde oersettings te hifkjen en trije winners út te kiezen.… Lês fierder

Educatief project brengt Gysbert Japicx tot leven op Bolswarder scholen

logo.ensafh

Op cbs de Bron vond dinsdagmiddag de officiële aftrap plaats van een educatief project van het Gysbert Japicxhus voor de Bolswarder basisscholen. Doel van dit project is om het verhaal van Gysbert Japicx levend te houden, ook na ruim 400 jaar.
Het educatieve project bestaat uit een aantal opdrachten, met als laatste het schrijven van een Fries gedicht. Een jury van het Gysbert Japicxhus zal het beste gedicht van groep 7 en het beste gedicht van groep 8 belonen. De winnaar mag zich winnaar noemen van de Lytse Gysbert Priis 2013. Bij de officiële uitreiking van de Gysbert Japicxpriis op 12 oktober mogen deze winnaars hun gedicht voordragen aan de ‘grote’ winnaar.… Lês fierder

27-09-13 Nei Frankfurt!

logo.ensafh

It Nederlands Letterenfonds en Tresoar noegje jo mei út namme fan de provinsje Fryslân út foar it programma Nei Frankfurt! Oanlieding dêrfoar is de earste mienskiplike promoasje fan de Fryske literatuer op de kommende Frankfurter Buchmesse. In wichtige publikaasje yn dit ferbân is de brosjuere 10 Books from Friesland, dy’t op dizze middei presintearre wurde sil.

Jo binne fan herten wolkom op freed 27 septimber 2013, fan 15.30-19.00 oere, yn it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.

It programma begjint om 16.00 oere mei in koart wolkomstwurd troch it Letterenfonds, folge troch in tafelpetear oer de promoasje fan literatuer yn it bûtenlân mei David Colmer, Jelma Knol, Victor Schiferli en Rudi Wester, ûnder lieding fan Karen Bies (fiertaal Nederlânsk).… Lês fierder

Skriuwkursussen by Tresoar

logo.ensafh

Tresoar set yn meikoarten útein mei in nij oanbod op it mêd fan kursussen literêr skriuwen. Dat is yn ’e mande mei projekt Skriuw! (fan it Skriuwersboun) en mei literêr tydskrift Ensafh. It oanbod is bedoeld foar elk dy’t dwaande is mei poëzij of proaza en dêr mear mei wol.
De kursussen wurde jûn troch Abe de Vries (poëzy) en Jetske Bilker (ferhalen).

Der is noch plak!

Foar ynformaasje sjoch sirkwy.nl

Boarne: It SkriuwersbounLês fierder