28-09-13 It lân achter it each fan de nulle

logo.ensafh

It lân achter it each fan de nulle

Poëtisch muziektheatraal Oratorium van Hoite Pruiksma en Aggie van der Meer:

De Friese componist Hoite Pruiksma en Aggie van der Meer, schrijver/ dichter,

hebben de eerste stappen gezet op weg naar de vormgeving van een poëtisch muziektheatraal oratorium met de bedoeling het uiteindelijk uit te voeren.

Al leverde de dichtbundel “De Sneinen” van Aggie van der Meer het idee, de tekst voor het oratorium is helemaal opnieuw geschreven.

 

Presentatie eerste deel van het Oratorium

Op zaterdag 28 sept 2013 wordt in de Grote Kerk van Workum de hele dag gerepeteerd. Om 17.00 zal het eerste deel van “It lân achter it each fan’e nulle”, “Ferwachting” gepresenteerd worden .Lês fierder

10-09-13 Literêre jûn mei de Gysbertnominaasjes

logo.ensafh


De Bres, Ljouwert, 10 septimber 20:00

Ein maaie hat de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis de shortlist mei sân dichtbondels publisearre. Op it boekefeest yn Tresoar op 13 septimber wurdt de priiswinner bekendmakke; de priisútrikking sels is op sneontemiddei 12 oktober yn de Martini yn Boalsert, tagonklik foar elk (wol graach oanmelde by Tresoar).

Yn De Bres yn Ljouwert is op 10 septimber in literêre jûn oer de Gysbertnominaasjes.

* It wurk fan alle sân nominearren komt oer it fuotljocht. In oantal dichters presintearje sels har wurk, by oaren komt in leafhawwer oan it wurd, en dêrnêst wurdt gebrûk makke fan argyfopnames, sawol lûd as byld.… Lês fierder

Ljouwert Kulturele Haadstêd

logo.ensafh

Ljouwert wurdt yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd. Dat hat de sjuery freed bekend makke yn Amsterdam. Dêrmei lit Ljouwert konkurrinten Eindhoven en Maastricht achter him. Op it Gouverneursplein yn it sintrum fan Ljouwert wie de útslach live te sjen op in grut skerm. Nei de útslach bruts feestfreugde út op it plein.

It eilân Malta is yn 2018 ek kulturele haadstêd. Dêr is mar ien grutte stêd (Valetta) en sadwaande wie de útslach dêr gau bekend. Foar Nederlân hat Rotterdam ek alris Europeeske Kulturele Haadstêd west. Dat wie yn 2001.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Boek fan Eppie Dam nominearre foar IBBY honourlist 2014

logo.ensafh

It bysûndere printeboek Fjouwer dappere mûskes fan Hegemer Gerrit Terpstra en Balkster Eppie Dam is op advys fan de stichting It Fryske Berneboek foardroegen foar de IBBY Honourlist 2014.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke in skilderachtich mûzeboek en frege skriuwer Eppie Dam om der wurden oan te jaan. Foarmjouster Monique Vogelsang makke der in moai gehiel fan.
Om de twa jier jout IBBY (International Board on Books for Young people) de Honourlist út, in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, útjûn yn mear as 70 by de IBBY oansletten lannen. De nasjonale seksjes fan IBBY meie boeken foardrage dy’t útblinke troch tekst, yllustraasjes of oersetting.… Lês fierder

12-09-13 presintaasje nije roman Marga Claus

logo.ensafh

Yn de H.Nicolaastsjerke fan Sint Nyk wurdt tongersdei 12 septimber, jûns om 19.30 oere, de nije roman ‘Kompleten’ fan Marga Claus presintearre.
Healwei de tweintichste ieu is der yn de Braziliaanske melaatskenkoloanje sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, mei dêrby fleskes miswyn dy’t spontaan oerrinne, en slim sike minsken dy’t ynienen genêzen binne. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin praat fan hawwe.
Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in benedictinerkleaster om de histoaryske brieven oer dy melaatsken te lêzen. Se wit net dat dy brieven oer sykte en genêzing én har ferbliuw yn it kleaster benammen wat oer har eigen takomst fertelle.… Lês fierder

Skriuwerskalinder 2014

logo.ensafh

De Skriuwerskalinder foar 2014 is klear en hat as tema Folksferhalen.

It tema Folksferhalen smiet sa’n 90 ynstjoerings op: ferhalen, fersen en byldwurk yn breed ferskaat. Tal fan skriuwers en byldmakkers ha oan dizze kalinder meiwurke: bekend mar ek nij talint. Dit alles oanfolle mei in kreas wykoersjoch wêrby’t feesten en oare bysûndere data oanjûn binne en der genôch romte is foar eigen oantekens.

Hiel bysûnder is dat it tema ek moai oanslút by it feit dat 100 jier lyn Dam Jaarsma berne waard, folksferhalensamler by útstek. Der is dan ek wurk fan him opnommen. Fierder fersen en ferhalen passend  by de tiid fan it jier. … Lês fierder