Help Keunstkrite een dode Twijzeler dichter tot leven te brengen!

logo.ensafh

Jan Ritskes Kloosterman

 

 

 

 

 

 

Whear ik fen hâld!
Fen lân ind sea ind wetter,
Ho wider mar ho better;
Fen bosc ind wâld.

Fen ’t rom gesicht,
Dat rikt oer grins ind mjitte,
Dat ’k sjoch yn wyde fjirte,
In by my ticht.

Wêr’t ik fan hâld!
Fan lân en see en wetter,
hoe wider mar, hoe better;
fan bosk en wâld.

Fan ’t rom gesicht
dat rikt oer grins en mjitte,
dat ’k sjoch yn wide fierte
en by my ticht.

Waar ik van houd!
Van land, rivier en meren,
de zeeën niet te keren;
van bos en woud.… Lês fierder

Gadso Coopmans oerset yn geef Frysk

logo.ensafh

Gadso Coopmans (1746-1810) waard berne yn it ferneamde Coopmanshûs yn Frjentsjer. Hy studearre medisinen en filosofy oan de Akademy yn syn bertestêd, en waard dêr, lykas syn heit, heechlearaar yn de medisinen. Fanwegen syn patriottyske sympatyen waard hy letter út dizze funksje ferdreaun. Hy flechte nei Aken, en swalke in jiermannich troch ferskate Europeeske lannen. Oeral dêr’t er kaam waard er tige wurdearre, kaam by in oantal foarsten yn tsjinst as liifdokter en krige oanstellingen as heechlearaar yn de skiekunde.
Gadso Coopmans wie in tige leard man. Mar syn grutte namme tanket er oan syn ferneamdens as Latynsk dichter. Hy skreau ûnder oaren in gedicht oer de pokken en in heldedicht oer Tsaar Piter de Grutte.… Lês fierder

06-09-13 Akademydei

logo.ensafh

Akademydei 6 septimber 2013

Elkenien is op freed 6 septimber fan 14.00 oere ôf oant 21.30 oere wolkom yn Stadsschouwburg De Harmonie oan it Ruterskertier 4 yn Ljouwert. Yn augustus krije de leden en stipers fan de Fryske Akademy noch in spesjale útnoeging foar de gearkomste, mei dêryn opnaam it programma fan de middei en de jûn.

Op dit plak kinne wy jo alfêst in foarpriuwke jaan: sa kinne jo ûnder mear bydragen ferwachtsje fan prof. dr. Pieter Winsemius, promovendy Matthijs Gerrits MA en Nienke Boomstra MSc. Muzyk wurdt fersoarge troch Wiebe Kaspers op piano en Maaike Boonstra op trompet. De jûns is der in konsert troch it Frysk Jeugd Orkest ûnder lieding fan Theo Brouwer.

Lês fierder

Biografie van Theun de Vries

logo.ensafh

Theun de Vries schreef gedurende zijn leven een zeer omvangrijk oeuvre bij elkaar. Romans, verhalen, gedichten, essays, hoorspelen, vertalingen, kritieken, biografieën en meer. Ook was hij het boegbeeld van de Communistische Partij van Nederland en jarenlang een graag geziene gast in de landen achter het IJzeren Gordijn.

Acht jaar na De Vries’ overlijden overziet Jos Perry voor het eerst leven en werk van een geëngageerd, gedreven schrijver als geheel. De rode draad is de vraag hoe de literator en de wereldverbeteraar in hem elkaar in de weg zaten – en hoe zij elkaar inspireerden.

Presentatie en tentoonstelling

Perry’s biografie Revolte is leven.Lês fierder