Op 30 maaie lêstlyn hat de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 de sân kânshawwers foar de grutte Fryske literatuerpriis bekendmakke.
Alle sân stik foar stik prachtige bondels fan baas-dichters. Fan de bondels hat de advyskommisje in koart profyl sketst en dêryn ien moai gedicht út de bondel is oanhelle. Sjoch de bekendmakking en de Nederlânske ferzy dêrfan. In Ingelske folget noch. Op Sirkwy sil meikoarten allyksa in Ingelske oersetting fan de sân fersen ferskine, makke troch Anthony Paul (foar safier’t de rjochthawwende dichters dat tastien hawwe).
De Ofdieling Fryske taal en kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins en Tresoar organisearje yn ’e mande in oersetwedstriid.… Lês fierder