Friezen tsjin nije staveringsregels Frysk

logo.ensafh

In beslút fan de provinsje Fryslân om de offisjele stavering fan it Frysk te wizigjen hat makke dat in stjalpweach fan krityk ûntstien is. In oprop fan in aksjegroep oanProvinsjale Steaten om de maatregel werom te draaien krijt stipe fan tsientallen Fryske pommeranten út wittenskip, ûnderwiis, kultuer en literatuer.

Op 24 april ha Provinsjale Steaten besletten om de besteande stavering fan 1980 op in stikmannich punten te wizigjen. It wurdt “ieu” (eeuw), bygelyks, wurdt tenei skreaun as “iuw” en it wurd”útnoegje” (uitnodigen) as “útnûgje”. Tagelyk ha de Fryske Steaten de Fryske Akademy yn Ljouwert frege om in standertwurdlist te skriuwen. Wurden dy’t net yn ‘e list opnaam wurde, binnetenei net langer tastien yn offisjele stikken en yn ûnderwiismateriaal.… Lês fierder

Skriuwersboun: ynfojûn en foarumdiskusje staveringskwestje

logo.ensafh

It bestjoer fan it Skriuwersboun hie op syn lêste gearkomste (17 maaie) de staverings- en noarmdiskusje op de wurklist. Dêr is útkaam dat it bestjoer ynearsten in neutrale posysjes oanhâlde wol, om sa fungearje te kinnen as fasilitearjende partij om polityk, wittenskip en de Fryskbrûkers mei-inoar yn petear te bringen. Om soks stal te jaan sil it bestjoer op koarte termyn in ynfojûn en foarumdiskusje op priemmen sette, dêr’t foar- en tsjinstanners har oppenearje kinne. Sa kinne ús leden har yngeand ynformearje litte oer wat der geande is en wat dat foar har betsjut, kin de polityk kundskip krije fan de wjerstân yn it fjild, en kinne de útfierders fan it polityk beslút (de Fryske Akademy) har foardiel dwaan better op ‘e hichte reitsje fan de beswieren en de winsken fan de brûkers (sawol taallearders as dosinten en skriuwers).… Lês fierder

Fryske Foarlêswike

logo.ensafh

Fryske Foarlêswike 3 o/m 7 juny 2013: FOARLEZE YN IT FRYSK OAN PJUTTEN

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 500 foarlêzers sille
fan 3 o/m 7 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan sa’n 12.000 pjutten.

It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern. De Tomke-boekjes mei ferhaaltsjes oer Tomke en Romke komme fia boartersplakken, bernedeiferbliuwen, gastâlders, konsultaasjeburo’s en bibleteken by de bern en har âlden telâne. It tema is dit jier “Keunst”.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de
Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt fan 3 o/m 7 juny foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maaie 2013

logo.ensafh

 

 

 

Poëzij

Eppie Dam (gearstaller) – mei pintekeningen fan Lienke Boot
Oer de wjuk – Fryslâns moaiste fûgelpoëzij
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2956
Ferkeappriis € 15,00

oerdewjuk

“Skries op ’e hikke ropt grito-griet.” Dy dichtrigel út it ‘Simmermoarn- sankje’ fan Waling Dykstra is by hast elkenien wol bekend. Fryslân is ryk oan fûgels en ryk oan dichters. It is dan ek gjin wûnder dat der in soad fûgels yn de Fryske poëzy omfleane. Dochs is Oer de wjuk it earste boek dat it moaiste fan al dy fûgelpoëzy byinoar bringt. Ut goed sânhûndert Fryske ‘fûgelfersen’ selektearre Eppie Dam de 159 moaiste gedichten.… Lês fierder

‘Jou mear oandacht oan Biltsk’

logo.ensafh

De gemeente It Bilt soe mear oandacht hawwe moatte foar de Biltske taal en kultuer en ek besykje moatte om dy taal sels mear te brûken. Dat fersyk krige wethâlder Boukje Tol fan It Bilt tiisdei by in wurkbesite fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) oan de gemeente It Bilt.

Biltske organisaasjes meitsje har soargen oer de takomst fanwege it plan om de gemeente It Bilt opgean te litten yn in grutte gemeente Noardwest-Fryslân. Boppedat is de gemeente oan it besunigjen op taal en kultuer.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

25-05-13 Fryske skriuwdei

logo.ensafh

Fryske skriuwdei

sneon 25 maaie

Sneon 25 maaie is der gelegenheid om op in leechdrompelige wize yn kontakt te kommen mei it ferskynsel literêr skriuwe yn it Frysk. Dielnimmers kinne kieze út twa deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzy it oare oan proaza. Moarns wurdt in workshop jûn yn Tresoar (Ljouwert), nei de lunch wurkje de beide groepen op lokaasje. By moai waar is dat de Prinsentún, sit it waar net mei, dan gean de dielnimmers nei it Princessehof.

De lunch en de tagong ta it Princessehof binne foar eigen rekkening, de dielname oan de workshops is fergees.… Lês fierder