– Het niet ontvangen van jaaroverzichten en -afrekeningen.… Lês fierder
– Het niet ontvangen van jaaroverzichten en -afrekeningen.… Lês fierder
It Skriuwersboun hat in nij bestjoer. Hein Jaap Hilarides naam it foarsitterskip fan Koos Tiemersma oer, Symen Schoustra is ponghâlder wurden en Anne Tjerk Popkema algemien bestjoerslid. Tryntsje van der Veer is no skriuwster en Jan Schotanus algemien bestjoerslid. Auck Peanstra bliuwt notuliste.
Op de ledegearkomste fan 6 april wie Oeds Westerhof ek útnoege. Westerhof is projektdirekteur Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Foar it Bidbook hat it nije bestjoer fan It Skriuwersboun twa ideeën oanlevere.… Lês fierder
27-04-2013 Tût literêr Fryslân wie oanwêzich by de presintaasje fan nije boeken fan Matty de Vries, Foppe Venema, Leo Popma en Rypke Sierksma. Fierders waard ek de útstalling iepene fan in seleksje fan de skilderijen fan Reinder R. van der Leest.
Plak fan hanneling: de Mariatsjerke te Blessum.
In lytse seleksje fan de oanwêzigen:
Sûnder grutskalich omtinken fan de media hawwe Provinsjale Steaten woansdei de offisjele staveringsregels foar it Frysk wizige. Alle oanwêzige Steateleden stimden foar de wiziging.
Oe / û
De opfallendste fernijing is te sjen by de skriuwwize fan de û/oe. Koarte en lange û-lûden wurde tenei skreaun as ‘oe’ as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd en yn de doetiid fan tiidwurden. Yn oare gefallen wurde se as ‘û’ skreaun. Dat betsjut dat in stikmannich wurden tenei oars skreaun wurde moatte. Foarbylden fan de nije skriuwwize binne:
spûk (earder ‘spoek’)
foeterje (earder ‘fûterje’)
útnûgje (earder ‘útnoegje’)
toefe (earder ‘tûfe’)
Telefyzje
Yn in stikmannich wurden feroaret in ‘v’ of ‘z’ yn in ‘s’ of ‘f’, bygelyks yn:
telefyzje (earder ‘televyzje’)
ynfalide (earder ‘ynvalide’)
refyzje (earder ‘revyzje’)
20e iuw
De skriuwwize ‘ieu’ wurdt ferfongen troch ‘iuw’, bygelyks yn:
Siuwsk (earder ‘Sieusk’)
20e iuw (earder ’20e ieu’)
Fryske Akademy
De wizigings binne trochfierd op advys fan de Fryske Akademy.… Lês fierder
De Provinsje Fryslân hat yn ’e mande mei it Nederlands Letterenfonds en Tresoar Alpita de Jong oansteld as yntindant Frysk foar de Frankfurter Buchmesse 2013.
De Jong makket yn oktober ûnderdiel út fan de Nederlânske delegaasje op ’e Buchmesse, de grutste boekebeurs op ’e wrâld. Dêr bringt sy as ambassadeur de Fryske literatuer ûnder de oandacht by bûtenlânske útjouwers. Sy selektearret ek tsien wichtige titels dy’t – opnommen yn de brosjuere 10 Books from Friesland – spesjaal promoate wurde. Foarôfgeand oan de Frankfurter Buchmesse is op 27 septimber yn Tresoar in publyksgearkomste. Dêr wurdt de seleksje presintearre. De brosjuere 10 Books from Friesland wurdt ek ûnder de boekhannels en bibleteken yn Fryslân ferspraat.… Lês fierder
De Moanne fan it Fryske Boek 2013 giet fan start mei it Boekefeest op freed 13 septimber yn de foarm fan ‘Zomergasten’. Earegeasten binne de skriuwers fan it Kado- en Aksjeboek; Atte Jongstra en Caja Cazemier.
Op sneon 21 septimber bestiet de mooglikheid om yn it Kadoboek te dûken yn de foarm fan in reis nei Terwispel.
De Reis-Aksje dy’t foar de 10e kear hâlden wurdt, is op snein 29 septimber en dit jier jildt sawol it Kadoboek as it Aksjeboek as ferfiersbewiis. Dizze dei kinne jo fergees yn Fryslân reizgje mei bus of trein en mei de trein ek yn Grinslân as jo ien fan beide boeken sjen litte kinne.… Lês fierder
Oersetting(s) makke troch Klaas Bruinsma fan The Canterbury Tales (Geoffrey Chaucer) yn it Frysk (‘Kenterboarger Teltsjes’).
Oersetting út it Midingelsk wei yn it Frysk: Klaas Bruinsma
Omstaverjen, digitalisearjen en publikaasje (op it ynternet): Sytze T. Hiemstra,
Drachten, 2013
Klik hjir, op de side fan de Feriening Frysk Underwiis.… Lês fierder