Nûmer 1 2013 fan Ensafh op papier is út

logo.ensafh

It earste nûmer fan 2013 fan ensafh op papier is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld

3 Redaksjoneel
Anne Feddema
4 Ferbena bonariensis
Geart Tigchelaar
5 0 ‘Sa no witte jim ek ris…’ (Besprek ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen fan Sipke de Schiffart)
Jean Paul Sartre
9 De Muorre (oersetting: Piter Yedema)
John Bosma
25 Gleone Heilstien (tekening)
Joël Huitema
26 Ezelshart
27 Nei de dei
Rein de Lange
28 modern times
Jelma Knol
29 It ferlerne paradys fan Bartle Laverman (Besprek dichtbondel Foar elke man in eigen pake fan Bartle Laverman)
Anske Smit
32 ’n Wichtjen foar de Wraald
33 ’n Maya Noat
Geart Tigchelaar
34 ferromming
Sigrid Kingma
35 Lading mei in luchtsje (Besprek dichtbondel Mem sjoch boi fan Eppie Dam)
Ruurdtsje de Haan
43 Foarskôging
Joris Raven
44 Goudkust
Bouke Oldenhof
45 Roman fan in konstrukteur (besprek roman De Krêftproef fan Piter Boersma)
Anne Feddema
50 Fremd bin ich eingezogen
Hidde Boersma
56 Nije man
57 Unferstoarne bagaazje
Edwin de Groot
58 De jas fan in âld kaptein (besprek dichtbondel Hûnewacht fan Simon Oosting)
Kalimachos
63 Ien sei my, Hêrakleitos (oersetting André Looijenga)

Redaksjoneel

Op allerhande manieren is ensafh dit jier al úteinsetten, mei in nijjiersbuorrel yn Ljouwert, mei in dichtersjûn yn Snits, in pear digi-ôfl everingen op www.ensafh.nl,… Lês fierder

05/06-04-13 Frysktalige klucht Dûbel Op

logo.ensafh

Kommende freed en sneon spilet toanielselskip ‘Op’e Nij Feriene’ út Bantegea de Frysktalige klucht ‘Dûbel Op’ ûnder rezjy fan Marten de Boer yn Theater Sneek. It is de twadde útfiering fan it winterskoft 2012-13 fan Teater Snits. Diskear dus net troch de eigen toanielploech omdat dy drok binne mei de tariedings foar it iepenloftspektakel ‘De Drie Gebroeders’. De ploech út Bantegea komt lykas Teater Snits út yn de Eare Klasse. Beide toanielferienings spylje de lêste jierren yn de top fan de Eareklasse. Nei ôfrin fan de foarstellingen is der dûnsjen mei Petje Af. Oanfang op beide jûnen is om 20.15 oere in Theater Sneek oan de Westersingel yn Snits.… Lês fierder

Thys Wadman wint Simke Kloosterman Priis

logo.ensafh

Thys Wadman is de winner fan de Simke Kloosterman Priis 2013. De sjuery bekroant syn boek ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma.’ Sjueryleden Alie Douma, Albertina Soepboer en Douwe Kootstra út Feanwâlden makken in kar út de oarspronkelike, Frysktalige bern- en jeugdboeken út de jierren 2010, 2011 en 2012. Der wiene fjouwer nominaasjes. Neist Wadman wiene dat Eppie Dam, Lida Dykstra en Elske Kampen. De priis bestiet út in oarkonde en 3500 euro. Deputearre Jannewietske de Vries rikt de priis op freed 24 maaie út yn Twizel.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

13-04-13 Literêr Sirkwy set útein mei in kursus Better Presintearjen!

logo.ensafh

Workshop jûn troch Philip Curtis

Net eltse skriuwer of dichter dy’t wolris op in poadium stiet, is like wis fan syn stim en hâlding by it foar it ljocht bringen fan poëzy of ferhalen.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.

Op sneontemiddei 13 april wurdt der in ynteraktive kursus jûn foar skriuwers (Frysk, Hollânsk, dialekt) dy’t harren poadiumpresintaasje ferbetterje wolle. De kursus is in ferfolch fan op dy fan it skriuwerswykein yn Riis yn 2012, mar is likegoed nijsgjirrich foar minsken dy’t foar it earst meidogge.… Lês fierder

04-04-13 POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

logo.ensafh

UITNODIGING POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

met: Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra

Op donderdag 4 april vanaf 19.30 uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.

De huidige exposanten Jochem Hamstra en Tjibbe Hooghiemstra zijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.

Om te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via 0513 465178 of via info@galeriehoogenbosch.nl… Lês fierder

12-03-13 Poezijmiddei te Koarnwert

logo.ensafh

Poezijmiddei te Koarnwert

Datum: 12 maaie 2013 yn de tsjerke fan Koarnwert

Tiid: 14.00 -16.00 oere

Doel fan dizze bijienkomst: wij noegje de leden en eventuele oare belangstellenden út om ien of heechstens twa gedichten foar te lêzen dy’t har yn ’t bysûnder oansprekke. It is de bedoeling dat de meidoggers dêrbij yn it koart (foar of nei it foarlêzen) útlizze wat har no presys sa yn it hert rekke hat bij it keazen gedicht. De foarlêzers wurdt fersocht om har teksten nei ôfrin oan Geart van der Meer te oerlangjen. Dy stikjes wurde dan yn de earstfolgjende WJERKLANK en/of op it webstee publisearre.… Lês fierder

Oprop Skriuwerskalinder 2014

logo.ensafh

Skriuwerskalinder 2014

Yn 2013 ferskynde de Skriuwerskalinder yn nije foarm en der wie in soad flecht op de koai wat it ynstjoeren fan bydragen oanbelanget. Reden om dermei troch te gean en sadwaande dogge wy dan ek in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2014. It tema wurdt:

Folksferhalen

 

In  tema dêr’t je wer alle kanten mei út kinne, want folksferhalen binne fan alle tiden: ferhalen fan earder: Grutte Pier, de frouwe fan Starum en Rixt fan it Oerd, mar ek fan hjoed de dei: Broadsje Aap, ynternet, fantasy. Ferhalen oer freonskip, bedroch, leafde, fertriet, bisten, ensafh.… Lês fierder