26-03-13 Film oer Tsjebbe Hettinga by Ned. Vlaams & Fries Filmfestival

logo.ensafh

Dinsdagochtend om 11:45 uur draait de film Tsjêbbe Hettinga: Yn dat sykjen sûnder finden op het Nederlands, Vlaams & Fries Filmfestival. Vanwege het recente overlijden van de bijzondere Friese dichter, is de film van Pieter Verhoeff als eerbetoon aan het programma toegevoegd. Kaarten zijn te krijgen bij de kassa voor een speciaal tarief van 6 euro.

Meer informatie over de film is te vinden op deze pagina:
Tsjêbbe Hettinga: Yn dat sykjen sûnder finden

Boarne: SliekerfilmLês fierder

23-03-13 Sirkwy Sympoasium ‘See, see, do wide see!’

logo.ensafh


See, see, do wide see!
Sirkwy Sympoasium 23 maart 2013

 

Yn 2013 hawwe in oantal saakkundigen út it literêre fjild, krekt as yn 2011 en 2012, de opdracht oannommen om in essee te skriuwen oer in ûnderwerp út de Fryske literatuer en dat (yn koartere foarm) te presintearjen yn in lêzing.
Yn tsjinstelling ta de eardere edysjes wurde de lêzingen no op ien middei presintearre, dêrom de term ‘sympoasium’. De folsleine teksten fan de essees ferskine yn in spesjaal nûmer fan it literêr tydskrift Ensafh.

Dit jier is as tema keazen de rol en de betjutting fan de see yn Fryske folkslieten, literêre ferhalen en de moderne poëzij.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

De steertfeer

logo.ensafh

 

Bij ’t fernimmen fan ’t ferstorven fan Tsjêbbe Hettinga

De dyk draait foor my weg.
’n Lantearnpaal skuuft in ’e berm.

Ik fyn genade in dyn skoat,
’n Briefy met liefde in ’e jasbús.

Bij de plaats lêge swartwitte feren fan ’n skolekster.
’n Haas skiet fort, ’n wikel skeert der overhyn.

As foorjaarssnee de witte dônsferen.
Ik pak ’n steertfeer en dink an de groate dichter.… Lês fierder

Teake Oppewal

In Memoriam Tsjêbbe Hettinga: De swartlakte tilbry rydt troch

logo.ensafh

It ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga is in grut ferlies foar de Fryske dichtkeunst, foar Fryslân en foar Nederlân. Foar dy’t him as heit, as broer, as freon, as meispiler yn in band kend ha is it ferlies ûnwittend grutter – dêr kin ik net oer skriuwe. Tsjêbbe hâlde wurk en privee sa folle mooglik apart. It gie om syn wurk, net om syn persoan. O wee de mediaman dy’t in fraachpetear mei him ha woe en skine liet dat er syn wurk net lêzen hie! Sagau’t er ûnechtens by de media opmurk wie it ho. By syn twadde kear op Poetry yn Rotterdam hie de Ljouwerter Krante in fotograaf dêre opdracht jûn in foto fan it optreden te meitsjen.… Lês fierder

Betink in Frysk pangram

logo.ensafh
“The quick brown fox jumps over the lazy dog.” Wa’t oait typles hân hat, ken dy sin grif. Hy is hiel gaadlik om nei te gean oft de typmasine of it toetseboerd goed wurket, om’t alle letters fan it alfabet deryn foarkomme. Sa’n sin mei alle letters deryn neame wy in pangram.
It Nordfriisk Instituut ropt elkenien op om Fryske pangrammen yn te stjoeren. Om’t de letter x en q net brûkt wurde yn de Fryske stavering, hoege dy net brûkt te wurden. In goed pangram is koart, heart natuerlik en is maklik te ûnthâlden. In sjuery siket it moaiste pangram út.
Lês fierder