Foarlêsferhalen frege!
Foarlêzen is foar bern hiel belangryk. It is net allinne gesellich, mar ek fan grut belang foar de ûntwikkeling fan bern. Foarlêzen befoarderet de taal- en lêsfeardigens fan bern.
Wy wolle dan ek graach in moai ferskaat oan foarlêsferhalen yn it Frysk hawwe. Dêrom wol de Afûk in moai Frysk foarlêsboek útjaan foar bern fan 2 o/m 6 jier en wy wolle (benammen ek begjinnende) skriuwers en yllustratoaren freegje om in bydrage yn te stjoeren.
De ferhalen/ferskes en de yllustraasjes wurde selektearre troch in deskundige redaksje. De redaksje dy’t de teksten beoardielje sil bestiet út: Lida Dykstra, Ate Grypstra en Auck Peanstra.… Lês fierder