01-03-13 Taalryk Europa

logo.ensafh

De British Council en de Fryske Akademy hâlde op 1 maart yn Ljouwert in sympoasium. Under de namme ‘Taalryk Europa, belied en praktyk’ wurde ferskate lêzings jûn.

Foar it projekt Language Rich Europe is de posysje fan talen ûndersocht yn mear as tweintich lannen en regio’s. Dêrby is net inkeld sjoen nei it ûnderwiis, mar ek nei bygelyks it bedriuwslibben en de media. De útkomsten fan it sympoasium sille op 6 maart presintearre wurde yn Brussel.

Klik hjir foar mear ynformaasje… Lês fierder

De Moanne wol community fierder groeie litte

logo.ensafh

Neidat goed 10 jier lyn in tal feroaringen plak fûn hawwe by de transysje fan it literêre tydskrift Trotwaer nei de Moanne, meitsje wy no op ’e nij in slach om in bredere doelgroep binnen ús provinsje oan de Moanne te binen. Wy wolle de community rûnom de Moanne fierder groeie litte. In kwalitatyf goed produkt biede bliuwt derby foarop stean. Troch it organisearjen fan Moanne Live-jûnen, bringe wy boppedat minsken út de literêre en kulturele wrâld konkreet byelkoar, sadat se meielkoar yn petear of yn debat gean kinne.
De Moanne ferskynt dêrom dit jier:

Lês fierder

Moaiste nije Fryske wurd is ‘bringbrommer’

logo.ensafh

It moaiste Fryske wurd is ‘bringbrommer’ wurden. Dat is hjoed yn Ljouwert bekend makke. Mar leafst 21 fan de 61 persoanen dy’t meidien hawwe oan de wedstriid foar nije Fryske wurden hienen dat wurd ynstjoerd. De sjuery hat dêrnei, op grûn fan in totaalyndruk en kreativiteit by it oersetten fan oare wurden, Henk Wolf fan Grins as winner útroppen.

Neffens de sjuery, besteande út Truus de Vries, Hindrik Sijens (beide fan de Fryske Akademy) en Wieke de Haan (fan Tresoar) hat it wurd ‘bringbrommer’ de potinsje om yn it Fryske taalhûs opnommen te wurden. Neist bringbrommer wienen in soad oare kreative en somtiden humoristyske oersettings fan 24 nije Hollânske wurden ynstjoerd.… Lês fierder

Nyk de Vries nominearre JC Bloempriis

logo.ensafh

Nyk_de_VriesOp 13 februari zijn de genomineerden voor de J.C. Bloem-poëzieprijs bekendgemaakt. Deze tweejaarlijkse poëzieprijs wordt door de gemeente Steenwijkerland ter beschikking gesteld en is bestemd voor de tweede dichtbundel van een jonge Nederlandstalige dichter. Dit jaar wordt voor de zesde maal de J.C. Bloem-poëzieprijs uitgereikt. De winnaar ontvangt 2500 euro.

De genomineerden zijn:

  • Mischa Andriessen met Huisverraad
  • Sylvie Marie met Toen je me ten huwelijk vroeg
  • Bernard Wesseling met Naar de daken
  • Nyk de Vries met De dingen gebeuren omdat ze rijmen
  • Henry Sepers met Spreekt de troubadour

De jury bestaat uit Gerdi Verbeet (voorzitter), Hanz Mirck en Esther Naomi Perquin.… Lês fierder

31e Nacht van de Poëzie

logo.ensafh

31e Nacht van de Poëzie in Media Plaza

De 31e editie van De Nacht van de Poëzie vindt plaats op 23 maart 2013 in de futuristische ruimtes van Media Plaza in de Jaarbeurs in Utrecht. Een nacht lang treden hier dichters als Leonard Nolens, Anne Vegter, Tomas Lieske, Maria Barnas en vele anderen op onder de bezielende leiding van presentatoren Ingmar Heytze en winnaar van de VSB Poëzieprijs 2013 Ester Naomi Perquin.

Media Plaza geeft deze Nacht van de Poëzie met miljoenen ledlampjes en state of the art-apparatuur een uniek karakter. Het hoofdpodium staat in de Polar; een indrukwekkende, spierwitte zaal, voor deze gelegenheid omgedoopt tot Totaal Witte Kamer naar Gerrit Kouwenaar.Lês fierder

Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum

logo.ensafh

Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, Tsjerke en folk yn Ald-Ingelân

Unferwacht helder en saaklik lûd út midsieusk Ingelân yn tagonklik en feardich Frysk

Auteur:               Beda
Oerset troch     Klaas Bruinsma
tal siden:           78
ISBN:                  978 90 8954 507 7
Priis:                   € 13,50

Oer het boek:
Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, ek wol neamd HEGA, betsjut ‘Tsjerkeskiednis fan it Ingelske folk’ en is skreaun troch de ‘earwearde Beda’. Dizze tige belêzen benediktiner pryster foltôge it boek yn 731, fjouwer jier foar syn dea. It is nijsgjirrich om wat it fertelt oer de situaasje fan Ald-Ingelân, mar ek en foaral wichtich foar de skiednis fan de Ingelske tsjerke.… Lês fierder