KNAW wol Fryske Akademy ôfstjitte

logo.ensafh

De Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW) lit yn him omgean om de Fryske Akademy ôf te stjitten. De KNAW is in koepel fan ûndersyksynstituten dy’t net by in universiteit oansletten binne. Neffens de KNAW past de Fryske Akademy net goed yn de nije opset fan de KNAW, dy’t al syn ynstituten op it mêd fan taal en kultuer nei Amsterdam ferhúzje wol. De KNAW seit dat de Fryske Akademy better oanslute kin by de universitêre kampus Fryslân (UCF) yn Ljouwert, dêr’t ûnder oaren de Ryksuniversiteit Grins, de hegeskoallen Stenden, Van Hall en NHL en ûndersyksynstitút Wetses diel fan útmeitsje.

It kontrakt tusken de Fryske Akademy en de KNAW rint yn 2015 ôf.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2013

logo.ensafh

Poëzij

Edwin de Groot

In hazze is in lokkich bern | Een haas is een gelukkig kind

HotSum, Utert 2013

Presintaasje: 31 jannewaris, 16 – 17.30 oere, Tresoar

In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind is Edwin de Groot’s tredde dichtbondel en syn earste twatalige. Tema’s as fergonkelikheid, de betreklikens fan ús bestean en it bestean fan de dichter foarmje wol de reade tried. Oan ‘e ein binne we inkeld in stofke yn it universum. Dat kin tryst oerkomme mar ek befrijend wêze.

Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) debutearre yn 2005 mei it fers ‘Slachfjild’.Lês fierder

25-01-13 Short Stories & Poetry Dinner

logo.ensafh

”Short Stories & Poetry Dinner”, eenmalig op 25 januari 2013

Op vrijdag 25 januari 2013 zal in eetcafe Spinoza (in de zaal Jefferons’s) eenmalig de ”Short Stories & Poetry Dinner” plaatsvinden!

Tijdens deze avond kunt u tussen een heerlijke drie-gangen-keuze-menu door genieten van korte verhalen en gedichten die door nieuw en oud talent worden voorgedragen.

Voor en na elk gerecht zal een dichter/schrijver/muzikant het podium betreden om een tiental minuten op te treden zodat u na de avond met een heerlijke volle buik en prachtige zinnen in uw hoofd het pand zult verlaten.

Zo zal voorgerecht schrijver/dichter Geart Tigchelaar een paar van zijn prachtige verhalen en gedichten komen voordragen, bijgerecht/schrijver/dichter/theatermaker Tim Dijkstra nieuw werk brengen, aperitief Bas Rijksen stories over de didgeridoo vertellen en nagerecht Blipsop een paar van zijn prachtige liedjes spelen.Lês fierder

31-01-13 GRUTTE GEDICHTEJÛN ENSAFH YN SNITS

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 31-01-2013 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:

– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.… Lês fierder

Imke Hooijenga

Foto’s nijjierssit ensafh 12 jan 2013

logo.ensafh

Byldferslach fan de nijjierssit yn kafé Wouters te Ljouwert, mei redaksje en meiwurkers fan ensafh. Foto’s makke troch Imke Hooijenga.

Lês fierder

Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Jelle Krol

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It giet om de perioaden:

moandei 15 april oant en mei freed 24 maaie 2013

moandei 3 juny oant en mei freed 12 july 2013

moandei 22 july oant en mei freed 30 augustus 2013

As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sille – yn goed oerlis – dy data letter neier bepraat wurde. … Lês fierder