Oprop Skriuwerskalinder

logo.ensafh

Yn 2010 ferskynde de Skriuwerskalinder foar it lêst en út reaksjes docht bliken dat dy tige mist wurdt. Dêrom wol in wurkgroep fan It Skriuwersboun en Tresoar besykje dizze âlde tradysje wer nij libben yn te blazen. We binne drok dwaande mei de organisaasje, mar soe it dizze simmer net slagje, dan dogge we it takom jier!

Dêrom no alfêst in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2013. It tema wurdt:
Spannend

In aktueel tema dêr’t je alle kanten mei út kinne. Dêrby kin men tinke oan de krisis, in relaasje, sport, fakânsje en oare aventoeren. Mooglik ropt sa’n wurd noch wol mear en oare assosjaasjes op.… Lês fierder

Rêd Frysk

logo.ensafh

As jo wolle dat de stúdzje Frysk net teloar giet, help ús dan troch de minsken dy’t dêroer beslisse kinne sa folle mooglik oan te trunen. Dat binne benammen de Steatssekretaris fan OCW en de foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins.

Mear ynformaasje en in twatal foarbyldbrieven fine jo hjir.… Lês fierder

Lêste wike: Smellingerlân siket gemeentedichter

logo.ensafh

De gemeente Smallingerland zoekt voor de komende twee jaar een Gemeentedichter die bij bijzondere gelegenheden of gebeurtenissen gedichten kan schrijven èn voordragen. Het college van B&W heeft dit besluit genomen. De Gemeentedichter moet iemand zijn die met zijn of haar gedichten de inwoners van Smallingerland met een andere, frisse blik laat kijken naar het dagelijks leven in de gemeente en die daarbij snel kan inspringen op de actualiteit. De Gemeentedichter hoeft niet persé een professionele dichter te zijn, maar moet wel 18 jaar of ouder zijn en wonen of werken in Smallingerland.

De Gemeentedichter zal worden gevraagd om in ieder geval 5 gedichten per jaar te schrijven en eventueel voor te dragen naar aanleiding van een door de gemeente aan te geven gebeurtenis of thema.… Lês fierder

Nijs fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

1. Oerlis mei de Provinsje

Nei oanlieding fan in suggestje op de ledegearkomste om skoallen net allinnich jild te jaan foar it Frysk, mar ek Fryske berneboeken, hat it bestjoer dit oankaarte by de Provinsje. It die bliken dat dizze manier om Fryske boeken op skoallen te krijen juridysk net mei, om’t skoallen tsjintwurdich sels beslute meie oer de besteging fan jilden. De Provinsje moat him op dit punt hâlde oan lannelik belied.

Fierder is praat oer ús brânbrief oer de literêre prizen. It die bliken dat de Provinsje hjir drok mei dwaande is. Om’t it nije kultuerbelied noch net fêststeld is, is noch net bekend hoe’t ús sjenswize ferwurke wurde sil.… Lês fierder

Aksje Ensafh by Provinsjehûs

logo.ensafh

Fiif redakteuren fan it Fryske literêre tydskrift Ensafh hawwe fannemoarn tusken 11.00 en 12.00 oere proefnûmers fan Ensafh útdield yn it provinsjehûs mei in pamflet mei in lichtsatiryske kollum oer de kosten fan de Fryskpratende liften yn it nije provinsjegebou. Dit yn it ramt fan in abonneewervingsaksje foar it blêd, dat ankomme jier syn Rykssubsydzje ferliest. De kollum hat as tema: Mear Frysk foar minder jild. De kollumskriuwer, Jelma Knol, hie berekkene dat elk Frysk wurd yn de provinsjeliften 500 euro koste hie. In Frysk wurd yn de Ensafh (it papieren blêd en it fergese ynternettydskrift) kostet mar 3 eurosinten.

Op moandei 14 maaie liet Omrop Fryslân yn har nijsútstjoering fan Hjoed witte dat de Fryske foarsjenning yn de lift 45.000 euro koste hie.… Lês fierder

Jelma Knol

Mear Frysk foar minder jild mei Ensafh

logo.ensafh

Yn dizze lift hearre jo Frysk, in treflik inisjatyf fan de PvdA en PVV: earste ferdjipping, twadde ferdjipping, ensafuorthinne. Mei acht ferdjippings komt dat op njoggen Fryske wurden. Foar it oanbringen fan dizze bysûndere tsjinst oan it Frysk hat de provinsje Fryslân 45.000 euro betelle. Per wurd is dat dus 5000 euro. Mar it giet om fjouwer liften, dus dat bringt it bedrach al wer nei ûnderen ta nei 1250 euro de lift. Per ferdjipping is it dan noch mar 156,25 euro it wurd. It falt wol wat ta mei de kosten foar it Frysk. Mar de útwreiding fan jo wurdskat wurdt net heger troch dit ferbale helpmiddel: dy bliuwt op njoggen stekken.… Lês fierder

Wurkbeurzen foar û.o. A. Hut en H. Boersma

logo.ensafh

In de eerste subsidieronde van 2012 werden 84 werkbeursaanvragen van 74 auteurs in behandeling genomen. (Zeven aanvragen werden op formele grond buiten behandeling gesteld, drie aanvragen werden door de auteur ingetrokken.) In totaal konden 60 projecten worden gehonoreerd en zijn 23 projecten afgewezen, één aanvraag is aangehouden. In deze eerste subsidieronde werd vooralsnog een bedrag van € 1.089.500 besteed. De verleende werkbeursbedragen per project variëren in deze ronde van € 5.000 tot € 45.000. De volgende schrijvers ontvangen een werkbeurs voor een of meerdere projecten:

foar mear ynfo Het LetterenfondsLês fierder