Nijs
Teleks: Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!
Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!
Foar hast 40 jier oan ûndersyksaktiviteiten op it mêd fan minderheidstalen yn Europa mocht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, yn Italië de ALTRE EUROPE priis yn ûntfangst nimme.
De ferrassing wie grut, doe’t der in pear wiken lyn in telefoantsje kaam fan de Nederlânske ambassade yn Italië. Jelske Dijkstra, de hjoeddeistige projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy’t rom 20 jier projektmanager west hat en koartlyn pensjonearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine om de ALTRE EUROPE Award yn ûntfangst te nimmen.… Lês fierder
Teleks: ‘De Hounspolder’, nij gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân
‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân.
De Hounspolder
yn dizze einleaze see dy’t gjin see mear is
ûnder de reek fan de grutte dream
ûnder de amerikaanske motormûne
ûnder de wjokslach fan de nacht
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Teleks: Meld dy oan foar de firtuele literêre útwikseling mei Melbourne
In kloft reade skriezen begjint yn Australië mei har trek nei it Noarden en we nûgje dichters út Ljouwert/Fryslân en Melbourne/Victoria út om harren reis te dokumintearjen.
De Reade Skries of Heawylp stiet bekend as in maraton-trekfûgel. Mei briedplakken ferspraat oer it hiele noardpoalgebiet makket de fûgel syn jierlykse trek troch Azië, Europa en Afrika. Hy is sjoen yn mear as 150 lannen. Ien fan syn ûndersoarten waard ferneamd doe’t in jonge fûgel fan noch mar fjouwer moanne âld, folge waard by in epyske reis fan Alaska nei Tasmanië. It jong lei dêrby 13.435 kilometer ôf yn in non-stop flecht fan alve dagen.… Lês fierder
Teleks: Doch mei oan de wedstriid Essay Skriuwe
Essay skriuwe dreech? Nee, just net! In essay is in moaie foarm om dyn eigen kijk te jaan op in ûnderwerp – en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr.
In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean.… Lês fierder
Aginda 22-11-2025 o/m 21-12-2025: HJIR, Fotografy ynspirearre troch Fryske literatuer
Fotografy ynspirearre troch Fryske literatuer
Yn desimber stiet Kunstruimte H47 folslein yn it teken fan fotografy. Fotokollektyf Hanialab presintearret dan ûnder it tema Hjir it wurk fan sân fotografen. Twa dêrfan hawwe harren ynspirearje litten troch de Fryske literatuer.
Welmoed Riemersma hat mei har searje ‘de duvel misbiteard’ ynspirearje litten troch de Fryske folksferhalen fan Ype Poortinga.
It giet om de Fryske folksferhalen dêr’t de duvel hieltyd wer yn ferrifele wurdt. Se bringt dizze âlde fertellingen nei it hjoed troch se yn har eigen wenomjouwing te ensenearjen, en troch sels yn ’e rol te stappen fan sawol ferlieder as tsjinstanner fan ’e duvel.… Lês fierder
Teleks: Kulturele produksjes Fryslân 2020 -2028
Foar wa is de regeling bedoeld?
Fan 9 desimber 2025 ôf oant en mei 10 febrewaris 2026 kinne ferieningen en stichtingen subsydzje oanfreegje foar de tarieding en útfiering fan kulturele produksjes yn de provinsje Fryslân. De provinsje Fryslân stelt dêr € 300.000 foar, – beskikber.
Sjoch foar mear ynformaasje by Provinsje Fryslân… Lês fierder
…