Sneek brandpunt Gedichtendag 2012

logo.ensafh

Grootste evement Gedichtendag te Sneek
donderdag 26 januari 2012

In het kader van Gedichtendag 2012 organiseert Literair Tijdschrift ensafh de Grote Gedichtenavond/Gedichtejûn. Tijdens dit grootste dichtevenement van de dag waarop poëzie in Vlaanderen, Friesland en overige gebiedsdelen centraal staat zal een vijftig dichters kort en bondig uit eigen werk voordragen.

Lês fierder by de ContrabasLês fierder

29-01-12 Literêr Sirkwy Sint Jabik

logo.ensafh

Literêr Sirkwy 29 jannewaris

It Skriuwersboun organisearret op 29 jannewaris it Literêr Sirkwy. Diskear sil it plakfine yn de Groate Kerk yn St. Jabik. De dichter Abe de Vries, dy’t in soad publikaasjes op syn namme hat, is tige warber as blogger is op ynternet. Elske Kampen hat al in soad prizen foar har poëzij wûn en har debút, Fan glês it brekken, hat in bulte positive reaksjes rispe. Dizze middei ferwachtsje wy in soad fan har.

Ernst Langhout hat as muzikant in lange steat fan tsjinst en hat faker as ienris mei dichters en fertellers optreden. Bennie Huisman fertsjinne as sjonger en ferhalenferteller syn spoaren mei in breed repertoire.… Lês fierder

Afûk wol ynternasjonaler

logo.ensafh

De Afûk wol ynternasjonaler wurde. De Ljouwerter taalorganisaasje wol it foar Friezen om utens makliker meitsje om op ynternet Frysk te learen. Fierders wol er mear Ingelsktalich materiaal meitsje om Frysk te learen en taalkundigen oer de hiele wrâld stypje by it learen en ûndersykjen fan de Fryske taal. Yn 2011 is as earste oanset al in lytse Ingelsktalige ferzje makke faneduFrysk, de ynternetkursus Frysk fan de Afûk.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Utslach gévisme-wedstryd

logo.ensafh

Op de oergong fan 2011 nei 2012 hat Taalburo Popkema in nije wedstryd útskreaun, ditkear om it moaiste gévisme te finen: in Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat wat al te geef is omreden fan it mar net Hollânsk of Ingelsk lykjen en dat yn syn geefheid de begryplikens frijwat opkeart. Mei om’t de Ljouwerter Courant der yn in stik fan Fedde Dykstra omtinken oan jûn hat, binne der moai wat ynstjoerings kaam!
Fansels wiene der de ‘klassikers’: deldonderdoekje (parasjute), nútsjesmoar (pindakaas) en leechbydegrûnfrette (picknicke). Mar nije ynstjoerings wiene der ek by ’t soad: skodde molke (milkshake), kompakt skiif (cd), ûnthâldstokje (memory stick), tsjetterje/tsjotterje (twitterje), tsjilredens (skeelers) en it alderaardichste snoadfoan (smartphone).… Lês fierder

Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Yn it ôfrûne jier hawwe Aukje Wijma, Sietse de Vries, Hinne Wagenaar, Julia Foekema en Hein Jaap Hilarides de arke brûke kinnen foar ynspiraasje en skriuwaktiviteiten. De foto by dit stikje lit Sietse de Vries lêzend by it arkje sjen. De fotografe Corrie Grupstra sette him en de oare skriuw(st)ers allegear op portret. Har foto’s kinne besjoen wurde op www.corriegrupstra.nl.

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân.… Lês fierder