Stellingwarver sutelaksje súkses

logo.ensafh

De sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte hat dit jier 17.500 euro opsmiten. Dat is 1500 euro mear as yn 2010. De Stellingwarver Spreukekelinder en it boek ‘Een beul van een dokter’ fan Rob Zethoven waarden it meast ferkocht. Ek de boeken fan Johan Veenstra diene it goed.

Takom jier bestiet de Stellingwarver Schrieversronte 40 jier. Dan binne der allegear spesjale aktiviteiten en komme der spesjale útjeften.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

16-09-11 oant en mei 16-10-11: Aktiviteiten Moanne fan it Fryske Boek

logo.ensafh

De Moanne fan it Fryske boek 2011

Op 16 septimber giet Moanne fan it Fryske Boek fan start. Foar de twadde kear in moanne grôtfol Frysk-literêre aktiviteiten oant en mei 16 oktober 2011.
Oer en mei skriuwers, muzikanten en boeken.

De Moanne begjint mei in spetterjend Frysk boekefeest, tuskentiids op 1 oktober rydt de literêre trein en as ôfsluting wurdt de Reis-Aksje mei de Fryske ferfiersmaatskippijen en tal fan musea en galeriën wer hâlden.

Mei tal fan wedstriden, tochten, lêzings, literêre jûnen, middeis fan de Fryske smaak, wurdt dit festival optúgd.
It Aksjeboek foar bern ‘De bisteboel fan omke Roel’ en it Kadoboek fan Hylke Speerstra ‘De treastfûgel’ is yn de Moanne fan it Fryske Boek rûm foarriedich by de boekhannel.… Lês fierder

Samle fersen fan D.A. Tamminga ferskynd

logo.ensafh

Folsleine dichtwurk fan Fryslâns grutte klassike dichter no yn boekfoarm en op cd

Douwe A. Tamminga (Winsum, 1909 – Ljouwert, 2002) begûn yn de jierren tritich mei it publisearjen fan gedichten, dy’t in grutte foarmfêstens en behearsking fan de Fryske taal yn al syn fasetten sjen litte. It wurk fan Tamminga heart ta de hichtepunten fan de Fryske dichtkeunst út de tweintichste ieu.
Tamminga syn meast persoanlike poëzy waard ynjûn troch syn leafde foar syn frou en harren jong ferstoarne soan (It griene jier en In memoriam). Dêrneist stelde er syn dichterskip bewust yn tsjinst fan it Fryske folk, ûnder mear mei syn balladen op tema’s út de Fryske skiednis en sêgewrâld.… Lês fierder

Bestjoersgearkomste Skriuwersboun

logo.ensafh

Koart ferslach bestjoersgearkomste Skriuwersboun op 9 septimber 2011

• It argyf is ferhuze fan Elske Schotanus nei Sjieuwe Borger
• De wurkgroep Midwinterfeest (10 desimber), dy’t bestiet út Bennie Huisman en Tryntsje fan der Veer en útwreide is mei Geart Tigchelaar en Edwin de Groot fan Literêr Sirkwy. De wurkgroep is noch net folle fierder mei de plannen.
• De wurkgroep Krystboek en oare saken, Jan Schotanus, Auck Peanstra en Sytske Eringa, komt meikoarten wer gear. De Friese Pers stiet posityf foar it plan oer. Ek de stifting Skriuw hat har meiwurking tasein. Sa om krysttiid hinne sille skriuwers oanskreaun wurde
• By de NHL wurdt in reader makke oer de jeugdliteratuer fan de lêste jierren, dizze sil útjûn wurde troch de Afûk.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Boekefeest 2011

logo.ensafh

Jelle Zwart en Sjieuwe Borger. Rjochts op  ‘e eftergrûn Corinne Staal en Elske Kampen.

Petear mei Pier Boorsma: Klik hjir.

Klaas Bruinsma draacht in Dútske oersetting foar fan in gedicht skreaun troch Douwe Tamminga. Klik hjir.

Petear mei Steven H.P.de Jong. Klik hjir.

Optreden fan Ilanois, mei har earste Frysktalige nûmer. Klik hjir.

Petear mei Ate Grypstra. Klik hjir.

Fan lofts nei rjochts: Ruurdtsje de Haan en Jetze de Vries. Lês fierder