No freedtemiddei: Fremibu yn Kafee Wouters! Elk dy’t wat mei literatuer hat of docht is wolkom!
26 Jannewaris 16.30-18.15 oere. Sophialeane 5, 8911 AE Ljouwert… Lês fierder
No freedtemiddei: Fremibu yn Kafee Wouters! Elk dy’t wat mei literatuer hat of docht is wolkom!
26 Jannewaris 16.30-18.15 oere. Sophialeane 5, 8911 AE Ljouwert… Lês fierder
De zaterdag feestelijk geopende expositie It hâldt de siken yn met werk van 20 kunstenaars, onder wie Alie Hoogterp (Noardeast-Fryslân) en Gerhild van Rooij (Tytsjerksteradiel), eert schrijfster Aggie van der Meer (1927-2023). Ruim honderd belangstellenden luisterden naar toelichtingen, vocaal ensemble Aquilo, ‘Aggie’ raak getypeerd door vriendin Syl, en zagen Aggie in de Fryslân Dok-documentaire ‘Gysbert Japicx prijswinnaar’ (2019).
Lês en sjoch fierder by rtvnof… Lês fierder
Foar it twadde jier organisearje wy in kursus Poëzy Skriuwe yn kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. De kursus is útsmard oer fjirtjin jûnen en wurdt fersoarge troch sân dichters dy’t oansletten binne by RIXT. Yn april hâlde wy in ôfslutende literêre jûn, iepen foar publyk, dêr’t de kursisten de gelegenheid krije om wurk dat se foar de kursus skreaun hawwe foar te dragen.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Meindert Talma (Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel ‘De Blauwe Fedde yn petear’. Yn 2003 ferskynde fan him de roman ‘Kriebelvisje’. Dêrop folgen de dichtbondel ‘Laat het orgel jammeren’ (2011) en de romans mei muzykalbums ‘Kelderkoorts’ (2013), ‘Je denkt dat het komt’ (2017) en ‘Gezinsverbijstering’ (septimber 2024).
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder
Stedsdichter Marrit Jellema fan Ljouwert hat har earste gedicht mei fideo útbrocht. It hjit ‘Geen Ode Zonder Pijn’.
Omdat it 15 jier lyn wie dat Ljouwert foar it lêst in stedsdichter hie, is it wol bysûnder dat der no wer in gedicht makke is, mei fideo. Oan de ein fan it filmke stelt Jellema harsels foar en jout se oan dat se de kommende twa jier poëzy en spoken word mear sichtberheid jaan wol.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Wat is der nedich om de kwaliteit fan de Frysktalige sjoernalistyk te ferbetterjen no’t nije generaasjes sjoernalisten de Fryske taal minder goed yn de macht hawwe? Dy advysfraach krige DINGtiid yn april 2023 fan de ministearjes fan BZK en OCW, as gefolch fan in troch de Twadde Keamer oannommen moasje út desimber 2022.
Yn ús advysbrief oan BZK en OCW skriuwe wy dat it ferlet fan it ferstevigjen fan de Frysktalige sjoernalistyk út ferskate hoeken wei komt. Media, Provinsje Fryslân, ûnderwiis- en taalynstellingen binne al yn petear om yn dat ferlet te foarsjen en sette yn op in minor Frysktalige sjoernalistyk.… Lês fierder
Pieter Koolwijk skriuwt dit jier it Berneboekewikegeskink foar de lanlike Kinderboekenweek 2024. Foar de twadde kear yn de skiednis fan de Kinderboekenweek sil yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske fariant ferskine fan dat geskink. It tema fan de nasjonale Kinderboekenweek is dit jier ‘Lekker eigenwijs’.
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder