Foar de Ljouwerter rjochtbank is woansdei in nije poëzijtegel ûntbleate mei in striidber fers fan de Fryske dichter Fedde Schurer.
It giet net om in primeur, want in lytsere stien mei deselde tekst leit al sûnt 2001 by de yngong fan it Ljouwerter gerjochtshôf. Dy stien wurdt yn de praktyk gauris troch it útgeanspublyk brûkt as fytsestalling en is net mear te lêzen.
Dat kin net, fynt de Stichting Poëzietableaus Leeuwarden. De stichting fynt de tegel wichtich, fanwege de histoaryske kontekst fan Kneppelfreed.
Op dy dei, 16 novimber 1951, moast Fedde Schurer, doe haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, foarkomme fanwege it misledigjen fan in kantonrjochter dy’t gjin Frysk ferstean woe.… Lês fierder