Trinus Riemersma ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwer Trinus Riemersma is tiisdeitejûn let ferstoarn. Hy is 72 jier wurden. Riemersma wûn twa kear de belangrykste literêre priis, de Gysbert Japicxpriis. Dat wie foar syn debút Fabryk (1964) en De Reade Bwarre (1992). Dy roman skreau Riemersma yn syn eigen stavering.

Riemersma rjochte de Koperative Utjouwerij op en begûn letter mei Josse de Haan útjouwerij Venus. Hy skreau romans, poezij, toaniel. Trinus Riemersma is oan kanker ferstoarn.
Trinus Riemersma hie earder ek alris hiel siik fan kanker west, mar is der doe wer boppe op kommen. Dit jier is de sykte weromkommen en no wie der gjin herstel mear mooglik.… Lês fierder

Boekewike úteinsetten

logo.ensafh

Stadsschouwburg Amsterdam is vanavond de Boekenweek 2011 geopend met het i-Boekenbal. Honderden auteurs lieten bij aankomst hun persoonlijke gedachten achter in een reusachtig, handgemaakt gastenboek. Hiermee werden de memoires van het 60e Boekenbal opgetekend. Jörgen Raymann presenteerde het openingsprogramma waarin Ernest van der Kwast, Christiaan Weijts, Gustaaf Peek en Esther Gerritsen eigenzinnig vooruitblikten op de literatuur zonder De Grote Drie. Ellen ten Damme, Tjeerd Bomhof en Bob Fosko eerden hen met gedichten op muziek. Eregasten van de avond waren Boekenweekauteur Kader Abdolah en Boekenweekessayisten Christine Otten en Erik Kessels. De 76e Boekenweek heeft als thema Curriculum Vitae – Geschreven portretten.

Lês fierder by it CPNBLês fierder

Dy’t in hûs fynt op ’e wyn

logo.ensafh

Nij: Audioboek mei Fryske gedichten

Abe de Vries – Dy’t in hûs fynt op ’e wyn (2011)

It earste poëzijharkboek út de Fryske literatuer bringt daliks mar leafst fiif bondels mei gedichten, ynlêzen troch de dichter sels.

Abe de Vries waard berne op 10 jannewaris 1965 yn Winaam. Yn syn poëzij besiket er in lykwicht te finen tusken syn hjoeddeiske bestean en it ferline fan it Fryske kustgebiet dêr’t er opgroeide. Dêroan besibbe is de tematyk fan de ferlerne leafde.
In part fan syn ferzen spilet yn Súd- en East-Europa en wjerspegelet syn bining mei dat diel fan de wrâld. de styl fan De Vries is byldzjend, sa’t blykt út fersrigels as: ‘Slaan do de bile no mar / yn it achtsilinder motorblok / fan dyn bouhoekster mankelikens.’… Lês fierder

Hedwig Terpstra

ensafheest grut sukses!

logo.ensafh

Imke Hooijenga iepenet sneontejûn 12 maart it grutte ensafheest yn Romein yn Ljouwert. ensafh wol mei dit feest jongerein mear belûke by de Fryske literatuer. Acht dichters en twa hurde bands trede jûn op. Om 20.00 oere binne der al aardich wat minsken binnen, en geandewei de jûn wurdt it lekker drok. Der hinget in goede sfear en ja, der is ek aardich wat jeugd.

Tsead Bruinja (1974) set út ein mei in oersette tekst fan Bob Dylan, ‘Blues fan it Fjoer’:

Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Ja jong, ik stoarje wat dy kant út
nei de hurde grûn fan dat begraafplak dêr
stoarje wat dom dy kant út
nei dat kloate begraafplak dêr
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme,
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme
Neffens my baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Der komt swarte reek omheech, ferdomme
It rikket my swart út ’e kop wei, swart út ’e kop wei
It rikket my swart út ’de kop wei heite,
swart út ’e kop wei heite
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte

Tsead draacht krêftich foar mei driging yn de stim.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Stjerrende bison, libjende kennis

logo.ensafh

Willem Winters hellet yn syn nijsgjirrige kollum “De bisonbolle” de kritikus Herman Hana oan. Yn in boekje oer keunst (1936) skriuwt Hana oer de prehistoaryske minske dy’t grotskilderingen makke:
‘menschen die veel van dieren hadden, niet rechtop konden lopen, niet konden spreken, althans niet met woorden en hun jagersbedrijf met uiterst primitieve steenen wapenen beoefenden.’

Tanksy de koalstofdatearringsmetoade (C14) witte wy dat de âldste grotskilderingen en de âlde byldsjes op ‘en heechst 40,000 jier âld binne. Se binne makke troch de Cro Magnon minske, dy’t genetysk besjoen net fan ús ferskilt. Wy kinne rjochtop rinne, en neffens paleologen koe de Cro-Magnon ek rjochtop rinne.… Lês fierder