Startpakket Fryske boeken/cd’s

logo.ensafh

Woansdei 12 jannewaris presintearre Marike Elsinga, direkteur fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), it “Startpakket Fryske boeken/cd’s”.
Dat wie op in feestlike byienkomst yn Drachten dêr’t ek bekend makke waard dat bernedeiferbliuw De Tovervis fan Catalpa Kinderopvang Noord Nederland yn Drachten de hûndertste foarskoalske ynstelling yn Fryslân is dy’t wurket mei in bewust twatalich belied. Yn de foarm fan it nije startpakket hie it SFBO sa ek in kado foar alle dielnimmende pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen.

Lês fierder by GrootSneekLês fierder

25-01-11 en 08-02-11 Sirkwy Seminar

logo.ensafh

Dit winterseizoen organisearret útjouwerij Audiofrysk in seminar oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer fan de 21ste ieu.
Yn fjouwer lêzingen wurde respektivelik poëzij, toaniel, proaza en it libbensferhaal útdjippe. Nei ôfrin fan it seminar ferskynt in harkboek mei de fjouwer lêzingen, de teksten komme op www.sirkwy.nl en boppedat stiet publikaasje yn in tydskrift yn de planning.
Hylke Tromp hat de earste lêzing, oer de poëzij fan de lêste 10 jier, op 30 novimber holden.
De oare lêzingen binne:
11 jan. It ferlies foarby – Bouke Oldenhof oer it toaniel yn Fryslân.
25 jan. Spegelskrift – Alpita de Jong oer it Fryske proaza.… Lês fierder

Bekendmakking winner nije Fryske wurden

logo.ensafh

Oersetwedstriid nije Fryske wurden: groslist en oankundiging priisútrikking

Winner wurdt bekendmakke op 14 jannewaris om 15.30 oere yn Tresoar, Ljouwert

Op 26 septimber 2010 wie by gelegenheid fan de Europeeske dei fan de talen de start fan in oersetwedstiid. Meidoggers moasten in Fryske oersetting fine foar wurden dy’t yn it Nederlânsk noch net sa lang besteane. Op freed 14 jannewaris makket de sjuery de priiswinner bekend.

Dweilsoap en bierbabe: dat binne twa wurden dy’t it ôfrûne jier foar it earst yn it nijs kamen. Gauris ûntsteane dy nije wurden nei oanlieding fan de aktualiteit en somtiden ferdwine se ek wer gau.… Lês fierder

Nû. 7 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It sande nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 7 yn print

3 Redaksjoneel

Hidde Boersma
4 De grize skyl (poëzy)

Josse de Haan
5 Ite mei Rosa Luxemburg en Eleonora Marx yn it hûs fan Friedrich
Engels yn Londen
(besprek fan Politicus uit hartstocht. Biografie van Pieter

Jelles Troelstra fan Pieter Hagen)

Nyk de Vries
16 Dire Straits (proazagedicht)

17 Hendrik Elings – tekening

Piter Boersma
18 In boek as syn eigen omstee (Besprek roman De fuery fan Bouke van der Hem)

Klaas Rusticus
22 Blauwe eagen (proaza)

Sigrid Kingma
30 Presokratepraat (poëzy)

Marijke de Haan
31 Skulp (poëzy)

Johan Deinum
32 Potstro mei suppleminten (besprek roman Potstro Fongers fan Sietse de Vries)

Teije Idzardi
35 Learjild (poëzy)
36 Deade linen (poëzy)

Bartle Laverman
37 Eala!Lês fierder

www.friesecultuur.nl

logo.ensafh

De 16 musea yn de nije gemeente Súdwest Fryslân bondelje de krêften. Se binne werom te finen op de ynternetside www.friesecultuur.nl. Doel is om mear ien gehiel te foarmjen en in kwaliteitsferbettering troch te fieren.
Ek moatte de musea mei help fan de side mear sichtber wurde. Ek wolle de musea fan elkoars kennis gebrûk meitsje.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder