Sprankeskyn, Abe de Vries

logo.ensafh

Krekt ferskynd by de Friese Pers Boekerij:

de dichtbondel SPRANKESKYN fan Abe de Vries

Sprankeskyn is de fyfde dichtbondel fan Abe de Vries (Gysbert Japikspriis 2005). Yn dizze mânske bondel fan 96 siden spegelet er de wrâld fan syn lyryske leafdespoëzij oan de wrâld fan de religy en de taal fan de bibel. Njonken mear as 30 eigen gedichten binne ek eigen fotografy en 7 oersettingen opnommen (gedichten fan Osip Mandelstam, Pablo Neruda, René Char en Rainer Maria Rilke).

De trije fotosearjes yn Sprankeskyn binne troch de dichter sels makke mei model yn de midsieuske tsjerke fan Hantumhuzen en de Pier Pander Timpel yn Ljouwert, en nachts yn ’e auto ûnderweis yn it noarden fan Fryslân.… Lês fierder

Alyda Faber

Alyda Faber: Poems

logo.ensafh

De Kanadeeske Alyda Faber hat gedichten skreaun nei

oanlieding fan Fryske sprekwurden. Klik hjir foar de pdf.

De auteur jout der dizze ynformaasje by:

The epigraphs of the poems are from a 17th century Frisian collection of sayings translated from Middle Frisian into modern Frisian by Frederik Johan van de Kuip in De Burmania sprekwurden.  I use van der Kuip’s modern Frisian translations; the English translations in the body of the poems are my own.  I should note that the meaning of the saying in the “Grace unwitting” poem is interpreted differently from that in van der Kuip’s book (dogs tend to be viewed less positively in the 17th century than perhaps they are now, so I use the saying to suggest work that happens without human effort, which differs from the original intent). … Lês fierder

De FKP, in oarlochsstrip

logo.ensafh

De FKP, in oarlochsstrip fan Skelte Braaksma

It ferhaal giet oer de ûnderfiningen fan trije freonen, dy’t as soldaat yn it Fryske leger, dielnimme oan de grutte slach by Grypstsjerk, tsjin it Grinzer leger.

Mei in bytsje tekst en detaillearre tekeningen fertelt Skelte de opkomst fan de Fryske Kommunistyske Partij [-] ûnder lieding fan Oane Sytsma.
Oane ropt de ûnôfhinklikheid fan Fryslân út. De driging dy’t fan syn bewâld útgiet nei de Grinzers is sa grut dat hja Ljouwert mei fleantugen oanfalle.
Dat lit Oane Sytsma net oer syn kant gean en ferklearret Grins de oarloch.

Skelte Braaksma [1995] begûn op syn fjirtjende oan dizze strip, wêrfoar hy hiel wat stúdzje dien hat.… Lês fierder

Jouke Hijlkema Stedsdichter Boalsert

logo.ensafh

Jouke Hijlkema is mei yngong fan 1 desimber oansteande offisjeel oansteld  as stedsdichter fan Boalsert. Hy treedt yn dy funksje in jier lang as ambassadeur fan de stêd nei bûten. Yn dat jier sil er tenminste twa kear in nij gedicht meitsje oer de stêd of in aktueel barren dat de stêd rekket. Hijlkema dichtet sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. De gedichten sille op de gemeentlike webside pleatst wurde en ien gedicht sil sichtber yn de stêd publisearre wurde. Hijlkema hat de dichtbondels ‘Beabuorster Monologen’ en ‘Op ‘e kofje yn ‘e kosmos’ skreaun. Hy is ek aktyf as byldzjend keunstner; op dit momint is er dwaande mei in searje portretten en dreambylden yn pastel, dy’t tinken dogge oan sfearysk konstruktivisme.… Lês fierder

Moasjes Skriuwersboun

logo.ensafh

Op it skriuwerswykein fan 6 en 7 novimber yn Gaasterlân kaam ek de aktuele situaasje yn de letteren fan Fryslân oan de oarder. De leden hawwe twa moasjes oannommen, dy’t nei de provinsje ta stjoerd binne. Se sitte hjirûnder bysletten. It giet de leden benammen om it plak fan de literatuer yn it belied.

Oan de iene kant by it opstellen fan de plannen foar Fryslân 2018 – Kulturele haadstêd, oan de oare kant it omtinken foar it skriuwen yn it Frysk, dat ûnder druk stiet.

Lês fierder by It SkriuwersbounLês fierder