Eric Hoekstra

Pake Sytse op ‘e Feanhoop: natuer fersus kultuer

logo.ensafh

Do bist wat weak, jonge, do hast te min fermogens. Do silst moarnier fuort oan it gulle fet. En in flesse levertraan sille wy ek foar dy keapje. Soe der noch levertraan wêze?
(Pake Sytse)

It is wer de tiid fan de iepenloftspullen en dan swaarmje de resinsinten fan Ensafh machtich as miggen út oer ús skoandere Fryske lân en skôgje kritysk en objektyf de kreative produkten produsearre en betelle troch it Fryske folts. Alsa krige in tillefoantsje fan de haadredakteur dy’t my hiet om freed op de Feanhoop de foarstelling fan Pake Sytse by te wenjen. Tsjinakseljen fan myn kant holp net, mar trije frijkaartsjes waarden my oer de post tastjoerd.… Lês fierder

03-09-10/10-10-2010 Aktiviteiten Moanne fan it Fryske Boek

logo.ensafh

Stichting It Fryske Boek en Tresoar wurkje sûnt begjin dit jier gear yn de promoasje fan it Fryske boek en de befoardering fan de Fryske literatuer. Dy gearwukring krijt op ferskate wizen stal, mar ien fan de belangrykste aktiviteiten sil de Moanne fan it Fryske Boek wêze. Alle jierren, te begjinnen yn septimber dit jier, sil in moanne lang, oan it begjin fan it kulturele seizoen it Fryske boek sintraal stean yn in grut oantal aktiviteiten. It is it feest fan it Fryske boek en dêrom begjinne wy fansels ek mei in grut boekefeest yn it Tresoar-gebou. Dat is it startskot en dêrnei folgje literêre programs troch hiel Fryslân hinne, kuiertochten, konserten, de twittergedichtewedstryd, de jûn fan de smaak, Jules Verne yn it Frysk,  in literêre moadeshow, spotsjes op TV, boekemerk yn Drachten, ensfh.… Lês fierder

12-09-2010 Poëtyske kuiertocht

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek en Monumintedei: in poëtyske kuiertocht yn Ljouwert by 3 monuminten  lâns, mei presintaasjes fan de nije dichtbondels fan Elske Kampen, Anne Feddema, Willem Abma en Edwin de Groot.

14:00 optredens yn de Meniste tsjerke (Wurdumerdyk), 15:00 yn de Galileakapel ( ‘Skipperstsjerkje’ oan Droevendal) en 16:00 yn de Haniahof.

Om 16:00 is yn de Haniahof ferfolgens in optreden fan Piter Boersma, Arjan Hut en Grytsje Schaaf.

Klik hjir foar mear ynformaasje.… Lês fierder

Het goud op de weg yn ‘e ramsj

logo.ensafh

Met ‘Het goud op de weg – De Friese poëzie sinds 1880’ publiceert Abe de Vries een standaardwerk over de Friese poëzie. Hoewel een aantal Friese dichters de laatste jaren nationale bekendheid kregen – Tsjêbbe Hettinga, Albertina Soepboer en Tsead Bruinja – is er nog een groot aantal onbekende Friese dichters, die in deze bloemlezing een plek krijgen. De Vries laat zien dat de Friese poëzie een heel eigen ontwikkeling door heeft gemaakt

Lês fierder by ramsj.nlLês fierder