Op sneon 25 april trede de Fryske dichters Syds Wiersma en Ignasi Ripoll yn Barcelona op. Sy presintearje dêr harren oersetprojekt fan Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ferskate dichters dy’t sy oerset hawwe, drage foar út eigen wurk en tagelyk binne dan ek de Fryske oersettings fan de gedichten te hearren.
Ignasi Ripoll en Syds Wiersma binne al in pear jier dwaande mei it oersetten fan Katalaanske poëzy yn it Frysk. By de jierlikse fiering fan Sant Jordi (Sint Joaris*) op 23 april presintearren sy de ôfrûne jierren ferskate bondeltsjes mei wurk fan ferneamde Katalaanske dichters. Sant Jordi is in wichtige feestdei yn Kataloanië, in âlde tradysje wêrby’t minsken boeken en roazen kado dogge oan harren leafsten.… Lês fierder
…