Fremibu: freed 24 novimber, healwei fiven oant kertier oer seizen: literêr kafee fan it Skriuwersbûn
Kafee Wouters, Sophialeane 5, 8911 AE Ljouwert.… Lês fierder
Fremibu: freed 24 novimber, healwei fiven oant kertier oer seizen: literêr kafee fan it Skriuwersbûn
Kafee Wouters, Sophialeane 5, 8911 AE Ljouwert.… Lês fierder
WILLEM VERF mei TET ROZENDAL en JAAP LOUWES yn ‘DE PLEATS’, BURGUM
Oankommende tongersdei, 9 novimber, fertelt Willem Verf oer it ta stân kommen fan syn ‘tendinsroman’
De Wûndere Leafde fan Emine en Einte.
Tet Rozendal draacht lietteksten foar dy’t yn de roman in wichtich plak ynnimme.
Jaap Louwes sjongt in seleksje út syn eigen repertoire.
It programma begjint 20 oere, seal iepen 19.30
“It Nut” organisearret dizze literêre jûn yn gearwurking mei d’Bieb, yn it ramt fan de Fryske Boekewike (4 o/m 12 novimber).
Wat makket it nijste boek fan Willem Verf sa bysûnder? It spilet yn Istanbûl, Burgum en Berlyn.… Lês fierder
Hy is de âldste bekende Fryske skriuwer dy’t nij wurk publisearret. Durk van der Ploeg is 93 jier en noch altyd warber mei skriuwen. “Ik skriuw mysels it ferhaal yn.”
“Ik rin net mear sa hurd, mar fierders giet alles goed”, seit Van der Ploeg, dy’t yn Noardburgum wennet. It measte wurk thús lit er dwaan. Mar it tinken kin er net oan in oar oerlitte.
Sûnt de dea fan syn frou wennet Van der Ploeg allinnich. Der binne dagen dat der gjin minsk komt. Hy wurdt dêr net ûngelokkich fan. De bern komme geregeld del en der is sosjale kontrôle.… Lês fierder
Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De presintaasje is om 15:00 oere yn Neushoorn oan it Ruterskertier te Ljouwert.
It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.
De Fryske Boekewike gaat vrijdag van start. In de boekenhandel waarschijnlijk geen vlagjes en stapels met de nieuwste Friese uitgaven. ,,Der mei wol eefkes in himmeldoekje oer it konsept”, vindt uitgever Steven Sterk van Noordboek.
In de Fryske Boekewike staat de Friese literatuur in de schijnwerpers. Dat is althans de bedoeling van Boeken fan Fryslân. Maar verwacht geen grote nieuwsitems op Omrop Fryslân, paginagrote verhalen in de twee Friese kranten over de nieuwste boeken en feestelijk uitgedoste etalages bij de boekhandel. ,,It libbet net genôch”, meent Steven Sterk, die met Bornmeer-Noordboek ook Friese boeken uitgeeft maar die niet is aangesloten bij Boeken fan Fryslân, de organisator van de Fryske Boekewike.… Lês fierder
City of Literature Québec (Kanada) wie yn oktober gaststêd foar de jierlikse fergadering fan UNESCO Cities of Literature. De stêd frege har kollega-Cities of Literature wurk mei te nimmen foar twa projekten: Toponymie en Multivox.
Yn it projekt Toponymie lizze de Cities of Literature harren woartels bleat yn wurd en byld, en fertelle wêr’t harren namme weikomt: toponymen út it ferline, hjoed yn byld brocht. De wurken út de ferskate stêden wienen yn de wike fan de gearkomste te sjen op panelen yn de stêd en bliuwe online te sjen. Wy fregen Anne Feddema nij wurk te meitsjen foar dit projekt.… Lês fierder
Kulturele organisaasjes yn Fryslân sjogge hieltyd mear nei alternative jildstreamen no’t it kultuerbudzjet fan de provinsje lytser wurdt. Mar ynsidinteel jild út oare potten kin de kultuersubsydzje fan de provinsje noait ferfange.
Dat boadskip krigen Provinsjale Steaten hjoed fan sa’n tolve grutte én lytsere kulturele organisaasjes. Sy wrakselje allegearre mei de gefolgen fan de troch de provinsje oankundige besunigings fan 1,6 miljoen euro.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder