Teleks: Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023

logo.ensafh

No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel. Op snein 12 novimber kinne jo mei it Kadoboek fergees reizgje yn de bussen en treinen fan Arriva yn Fryslân.

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike.… Lês fierder

Teleks: Fertel dyn ferhaal

logo.ensafh

Fertel dyn ferhaal

Op 17 novimber om 19:00 oere docht Fryslân de doarren iepen en wurde der ferhalen ferteld. By minsken thús, yn kafees, by musea, yn fersoargingshuzen, yn biblioteken en … by dy! Ek do hast in ferhaal! Meld dy foar 10 novimber oan, mar wat earder wat better! Want dan komt dyn ferhaal nammentlik al op de webside te stean en hast genôch tiid om publyk te winnen, dyn ferhaal ta te rieden en om de praktyske tsjeklist bydel.

Sjoch foar mear ynformaasje by verhalenavondLês fierder

Teleks: Lêste gedicht Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

‘Fannijs’ is it lêste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân.

Sigrid Kingma: ‘Foar it lêste gedicht as Dichter fan Fryslân haw ik de besikers fan myn blog frege wêr’t it oer gean moast. It resint oplôge konflikt tusken Israël en Palestina wie fansels ûnûntkomber en oerskadet al it oare nijs. It makket ûnmachtich. It is faaks better om ris in skoft gjin nijs mear te lêzen, mar in goed boek te lêzen of sels wat moais te skriuwen.’

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder