Nynke Laverman: De ûntdekker

logo.ensafh

Op 14 maart 2009 is it tredde album fan Nynke Laverman NOMADE presintearre yn in útferkocht Muziekgebouw aan het IJ op de première fan har nije konserttour.

Se hat alle lyrics sels skreaun en har songs binne ynspirearre troch har ferbliuw by in nomadehúshâlding op de steppen fan Mongolië. De tour troch Nederlân duorret noch oant 19 april ta, sa lêze wy op www.nynkelaverman.nl.

De redaksje fan Ensafh krige it frij om de earste hit hjir op it poadium te setten. Lit dy foar in minút as fiif meislepe troch ‘De ûntdekker’.

Belústerje: Nynke Laverman – De ûntdekker

 

 De Untdekker

 

DE ÛNTDEKKER

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

ik wit net wêr’t ik bin
ik wit net wat der komt
mar myn fuotten stampe fierder
oer de râne fan de krater
ik wol witte wa’t ik bin
yn alle hoeken fan de wrâld
ik wol noch net nei hûs
ik wol it witte

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld

ik feroarje mei it lânskip
ik ferraan mei de klimaten
ik gean op yn alle kleuren
sla de bek yn elke taal

ik kolkje mei rivieren
lis it oan mei metropoalen
lit my felje troch de sinne
lit my folje mei de rein

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

yn woastinen sier ik sân
drink ik tee mei skorpioenen
swim ik linich as de slangen
ûnder koele rotsen troch
yn it iislân bin ik breid
sliep ik yn in wite suite
op it heechste himelbêd
sjong ik lieten fan kristal

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
rinne rinne rinne rinne

mar fyn my as ik immen fyn
immen dy’t ik net weromken
immen dy’t ik net werken
fyn my as ik immen fyn
fan wa’sto net mear hâlde kinst
fyn my, fyn my dan werom

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra
Lês fierder

Best-seller fan Johan Veenstra yn it Frysk

logo.ensafh

“Een brogge van glas” fan de Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra wurdt yn it Frysk oerset. De Fryske ferzje sil begjin septimber by Útjouwerij Bornmeer ferskine. Spesjaal foar dizze edysje hat Johan Veenstra in neiwurd skreaun, dêr’t er yn fertelt hoe’t it him nei it ferskinen fan it boek yn 2006 fergien is en watfoar reaksjes hy krige.

Yn de autobiografyske roman “Een brogge van glas” beskriuwt Johan Veenstra hoe’t er nei de dea fan syn mem te witten komt wa’t syn heit wie. Hy krijt dan ek te hearren dat er noch in healbroer hie. Neist de syktocht fan de soan nei syn heit, is de leafde yn al har ferskiningsfoarmen in belangryk tema yn it boek: de leafde fan mem en soan, de geheime, homoseksuele leafde fan de skriuwer foar in troude man, en de leafde foar it lânskip en de natuer.… Lês fierder

Seedee Smûzje: Tiidmasine

logo.ensafh

Op sneon 4 april 2009 ha Nan ’n Ankie (Nanne Kalma en Ankie van der Meer) har nije seedee Smûzje presintearre yn De Pleats fan Burgum op it jubileumfeest fan It Fryske Boek. De arransjeminten binne makke op de teksten fan de rymposters dy’t It Fryske Berneboek sûnt 1997 útjûn hat.

De earste tekst waard betocht troch Jacobus Quiryn Smink en hjit Tiidmasine. Karin Poeisz makke der in moaie poster fan. It is de ienfâldichste tekst fan de tolve/trettjin lieten, mar in hiel opfallende song wurden. Eins in mantra, sei in oare sjongeres der fan.

Ensafh fynt it in hit en krige permisje fan de geastlike heiten en memmen om doe no dan op it poadium te setten.… Lês fierder

Sieuwske dichtwedstriid: ‘Ferdronken Skiednis’

logo.ensafh

Poëziewedstrijd Verdronken Geschiedenis

Ter gelegenheid van de onthulling van het ‘Monument voor de Verdronken Dorpen in Zeeland’ bij Colijnsplaat (13 oktober 2009) organiseert de Stichting Cultureel Erfgoed Zeeland (SCEZ) i.s.m. het literaire tijdschrift Ballustrada een poëziewedstrijd met als thema ‘Verdronken Geschiedenis’.

Dichters kunnen maximaal drie gedichten inzenden over het thema ‘Verdronken Geschiedenis’ in Nederland, Vlaanderen of elders: over verdronken landen, verdronken en verzonken steden of dorpen, stormvloeden, watersnoden. Het thema kan zowel historisch, folkloristisch, mythologisch als allegorisch worden opgevat.

Inzendingstermijn is de periode 1 april tot 15 augustus 2009; voorwaarden en het volledige reglement zijn te vinden op www.scez.nl.

De drie beste gedichten worden beloond met een prijs van resp.… Lês fierder

17-05-2009 Kunstroute Wûnseradiel

logo.ensafh

Op zondag 17 mei 2009 om 14.00 uur aan de Bolswarderweg 13 in Exmorra treden, in het kader van de Kunstroute Wûnseradiel, dichters en muzikanten op onder het dak van een Friese stelpboererij.

De Dichters:
K. Michel, Tsead Bruinja, Ester Naomi Perquin, Peter van Lier, Annelie David, Anne Feddema, Grytsje Schaaf, Joke Pas en Dien L. de Boer

De Muzikanten:
De Bende van Drie, Pieter Jan Cramer van den Bogaart (accordeon), Onno van Swigchem (saxofoon), Dion Nijland (contrabas)

Beeldende kunst:
Pedro Bakker

Meer informatie op www.dichteropdedeel.nlLês fierder

de redaksje

De rubryk Poadium

logo.ensafh

De rubryk Poadium is ornearre foar mieningen, diskusje en polemyk, oangeande literêre en kulturele en maatskiplike saken (dy’t ek de literatuer reitsje). Dêrnêst is der ek romte foar presintaasjes. It stiet elkenien frij om der bydragen foar yn te stjoeren. Wy hoopje dat der in protte gebrûk fan makke wurde sil.

Digitaal redaksjeadres: redaksje@ensafh.nlLês fierder